Alessandro Petacchi
Alessandro Petacchi | ||
sporter | ||
Alessandro Petacchi (2006) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alessandro Petacchi | |
nasjonaliteit | Italjaansk | |
bertedatum | 3 jannewaris 1974 | |
berteplak | La Spezia | |
lingte | 1.84 m | |
gewicht | 75 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
debút | 1996 | |
karriêre-ein | 2015 | |
wichtige prestaasjes | ||
Milaan-San Remo 2006 Parys-Tours 2007 |
Alessandro Petacchi (La Spezia, 3 jannewaris 1974) is in earder Italjaansk hurdfytser. Hy wie in spesjalist op it mêd fan de massasprint en jildt dêryn as ien fan de bêsten fan de wrâld.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei fan 1996 oant en mei 1999 foar Scrigno en dy syn opfolger Navigare-Gasinen fytst te hawwen, kaam Petacchi yn 2000 by de Spaanske ploech Fassa Bortolo telâne.
Yn 2003 behelle er miskien wol syn meast ta de ferbylding sprekkende resultaat: yn de trije grutte omgongen (dy fan Itaalje, Frankryk en Spanje) boekte er yn totaal 15 etappe-oerwinningen. Hy wie dêrmei de tredde hurdfytser (nei Miguel Poblet yn 1956 en Pierino Baffi yn 1958) dy't yn alle trije de grutte omgongen yn itselde jier in etappe-oerwinning helle. Yn 2005 wûn er foar it earst yn syn karriêre in klassiker: Milaan-San Remo.
Yn 2006 stapte er oer nei de Dútske ploech Milram. Mei dy ploech pakte er yn de maitiid fan 2006 krekt net de winst yn in pear grutte klassikers. Yn de tredde etappe fan de Omgong fan Itaalje kaam er te fallen; hy ried de etappe wol út, mar nei't letter bliek mei brutsen bonke, in slimme blessuere dy't in lange refalidaasje ta gefolch hie.
Yn 2007 like er noch altyd net hielendal werom te wêzen op syn âlde nivo. Yn de Omgong fan Itaalje behelle er fiif etappe oerwinningen. Yn juny 2007 waard bekend dat Petacchi yn dyselde Omgong fan Itaalje posityf test hie op it middel salbutamol (in medisyn dat de luchtwegen wider makket). Petacchi mocht fanwegen in astma-attest in beskate hoemannichte salbutamol brûke. Der waard lykwols mear oantroffen as tastien. (1352 nanogram de Mililiter urine dêr 't de tastiene hoemannichte 1000 nanogram is). It Italjaansk Olympysk Komitee easke in tydlik ferbod om te fytsenfan in jier, mar it nasjonale hurdfytsbûn spruts him op 24 july frij.
De affêre koste Petacchi wol syn plak yn de Omgong fan Frankryk 2007, om't er troch syn ploech Milram yn ôfwachting fan de útspraak skorst waard. It Italjaansk Olympysk Komitee liet it dêr lykwols net by en skeakele it ynternasjonale sporttribunaal CAS yn. Dat op 6 maaie 2008 besliste dat Petacchi dochs foar ien jier in tydlik ferbod krige, fan 1 novimber 2007 ôf. De twa moannen dy't er dêrfoar al op non-aktyf trochbrocht hie, waarden lykwols ôflutsen, sadat de skorsing mar oant 31 augustus 2008 rûn. Alle útslaggen dy't Petacchi nei 31 oktober 2007 behelle hie, waarden him ûntnaam, en ek syn fiif oerwinningen yn de Omgong fan Itaalje fan 2007. Nei oanlieding fan syn skorsing waard Petachi troch Milram ûntslein. Nei syn skorsing fûn er wer wurk by de Ierske ploech LPR.
En fan 2010 ôf fytste er foar de grutte Italjaanske ploech Lampre. Yn de Omgong fan Frankryk fan dat jier behelle er twa etappe oerwinningen en naam de griene trui mei nei hûs. Yn de maitiid fan 2013 woe er eins stopje mei hurdfytsen op heech nivo, mar yn de simmer fan dat jier tekene er foar oardel jier by de Belgyske ploech Quick-Step. Yn 2015 had er noch in pear moanne foar de Italjaanske ploech Southeast fytst mar yn de simmer fan dat jier besleat de súksesfolle sprinter op te hâlden mei hurdfytsen op heech nivo.
Petacchiwaard yn 2019 straft foar it oertrêdzjen fan de anty-dopingregels yn de seizoenen 2012 en 2013. Ut ynformaasje fan de Eastenrykske autoriteiten (Operaasje Aderlass) die bliken dat de ûnderwilens opstoppe topsprinter ferbeane middels brûkt hie.
Dielname oan grutte omgongen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielname oan de Omgong fan Frankryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2001 - 97e;
- 2003 - net finisht; winner 1e, 3e, 5e en de 6e etappe
- 2004 - net finisht;
- 2010 - 150e; winner 1e, en de 4e etappe
- 2011 - 107e;
- 2012 - net finisht;
- 2014 - 148e;
Dielname oan de Omgong fan Spanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1996 - 101e;
- 1997 - net finisht;
- 2000 - 77e; winner 8ste, en de 12e etappe
- 2002 - 94e; winner 12e etappe
- 2003 - 120e; winner 3e, 5e, 12e, 14e en de 21ste etappe
- 2004 - net finisht; winner 2e, 4e, 7e en de 13e etappe
- 2005 - 88ste; winner 3e, 4e, 8ste, 12e en de 21ste etappe
- 2006 - net finisht;
- 2007 - 127e; winner 11e, en de 12e etappe
- 2010 - net finisht; winner 7e etappe
- 2011 - 100e;
Dielname oan de Omgong fan Itaalje[1]
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1998 - net finisht;
- 1999 - 70ste;
- 2000 - 92ste;
- 2002 - 94e;
- 2003 - net finisht; winner 1e, 5e, 6e, 13e, 16e en de 17e etappe
- 2004 - 97e; winner 1e, 4e, 6e, 8ste, 10e, 12e, 14e, 15e en de 20ste etappe
- 2005 - 100e; winner 9e, 12e, 15e en de 20ste etappe
- 2006 - net finisht;
- 2009 - 121ste; winner 2e, en de 3e etappe
- 2010 - net finisht;
- 2011 - net finisht; winner 2e etappe
- 2014 - net finisht;
- 2015 - net finisht;
Ploegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1996-1999 - Scrigno
- 2000-2005 - Fassa Bortolo
- 2006-2008 - Milram
- 2008-2009 - LPR
- 2010-2013 - Lampre
- 2013-2014 - Quick-Step
- 2015 - Southeast
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|