Ales stenar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ales stenar

Ales Stenar (stiennen fan Ales) is in megalyt yn de omkriten fan Kåseberga yn it Súd Sweedske lânskip Skåne. Ales Stenar komt nei alle gedachten út 500 nei Kristus, dat is de ein fan de Noardske Izertiid. Neffens de folkloaristyske ferhalen leit kening Ale de Sterke dêr begroeven.

Ales Stenar hat de foarm fan in skip, is 67 meter lang, 19 meter breed en bestiet út 59 sânstiennen blokken mei elk in gewicht fan ± 1,8 ton. Ales Stenar leit 37 meter boppe de seespegel op de heuvel Kåsehuvud.

Betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas by oare megalityske monuminten is ek hjir in soad spekulearre oer de betsjutting fan it monumint. Faak wurdt er yn it gefal fan skipfoarmige monuminten tocht oan begraafplakken (fan keningen) en somtiden wurdt dat ek befêstige. Dat is bard op oare plakken yn Skandinaavje. Wol is wier dat der in fersierde ierden pot mei ferbaarnde minsklike bonken fûn is, mar dyn wurde dochs in stik letter datearre as it monumint sels en de ynhâld fan de pot fariearret ek yn âlderdom..[1] Fierders is der op dit stee neat fûn dat wiist op de funksje fan begraafplak. Oan de oare kant, der is mar in part fan it terrein archeologysk ûndersocht. Ek yn dit gefal is tocht oan in kalinderfunksje. De sinne stiet nammentlik op de langste- en de koartste dei yn in rjochte line mei de skerpe úteinen fan de stiennerige.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Referinsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Strömberg, Märta, Amico amici: Gad Rausing den 19. maj 1997. Red. Jonas Ellerström en Gad Rausing. Haadstik: Det stora skeppet på åsen, siden 51-71.