Aleksej Bogoljûbov

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aleksej Bogoljûbov
Art-1300258.svg keunstner
Ilja Repin:Portret fan Aleksej Bogoljûbov, 1882
Ilja Repin:Portret fan Aleksej Bogoljûbov, 1882
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Ruslân Russysk
berne 16 maart 1824
berteplak Veliki Novgorod
stoarn 3 febrewaris 1896
stjerplak Parys
wurkpaad
streaming Realisme, romantyk

Aleksej Petrovitsj Bogoljûbov (Russysk: Алексей Петрович Боголюбов; ûnder Veliki Novgorod, 16 maart 1824Parys, 3 febrewaris 1896) wie in Russysk skilder fan meast lânskippen en seegesichten. Bogoljûbovs wurk wurdt rekkene ta it realisme en de Romantyk.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bogoljûbov wie in pakesizzer fan de ferneamde Russyske filosoof en skriuwer Aleksander Radistjev. Hy krige in militêre oplieding en tsjinne ynearsten in skoft by de marine. Yn 1949 sette er lykwols út ein mei in stúdzje oan de keunsthegeskoalle fan Sint-Petersburch, dêr't er ûnderrjochte waard troch Maksim Vorovief en ûnder ynfloed kaam fan Ivan Aivazovsky. Fan 1853 ôf oan wijde er him hielendal oan it skilderjen.

Yn 1854 reiszge er nei Europa en krige er kunde oan foaroansteande skilders lykas Aleksandr Ivanov en naam er les by Andreas Achenbach. Yn Parys rekke er ûnder de yndruk fan de Skoalle fan Barbizon en waard er in freon fan Camille Corot en Charles-François Daubigny.

Yn 1860 gie Bogoljûbov werom nei Ruslân en reizge er troch de Wolga-regio. Yn 1870 sleat er him oan by de keunstnersgroep De Swalkers en yn 1871 waard er learaar oan de Russyske keunstakademy. Twa jier letter, yn 1873, ferfear er lykwols wer nei Parys, dêr't er yn 1896 weirekke.

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]