Aleksander Nevskitsjerke (Rotterdam)
Tsjerke fan de hillige otterdokse grutfoarst Aleksander Nevski
Церковь Святого Александра Невского | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Rotterdam | |
adres | Schiedamsesingel 220 | |
koördinaten | 51° 54' N 4° 28' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 2002-2004 | |
offisjele webside | ||
Side tsjerke |
De Tsjerke fan de hillige otterdokse grutfoarst Aleksander Nevski (Russysk: Церковь Святого Александра Невского, Tserkov Sviatogo Aleksandr Nevskogo; Nederlânsk: Kerk van de Heilige rechtgelovige grootvorst Alexander Nevski) is in russysk-otterdoks tsjerkegebou oan de Schiedamsesingel yn Rotterdam. De tsjerke heart ta it bisdom fan De Haach en Nederlân fan it Patriarchaat fan Moskou en is it earste tradisjoneel russysk-otterdokse tsjerkegebou yn Nederlân. De tsjinsten wurde yn it Tsjerkeslavysk fierd en de wichtichste lêzings wurde wjerhelle yn it Nederlânsk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Rotterdamske tsjerke waard stifte troch archimandryt Dionysius, dy't sûnt 1936 as preester ferbûn wie oan de kapel fan de Hillige Marije Magdalena yn De Haach.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie archimandryt Dionysius aktyf belutsen yn it ferset en regele ûnderdûkplakken, û.o. foar in joadinne. Doe't by in ynfal de ûnderdûkte frou net fûn waard, skreau Dionissios dat ta oan de mirakuleuze ynfloed fan in ikoan fan de Mem Gods en die it ûnthjit om nei de kriich in tsjerke yn Rotterdam te bouwen, dy't wijd waard oan de ikoan fan de Mem Gods fan it "Flugge Ferhear". De russysk-otterdokse parochy waard yn 1946 stifte en der waarden tsjinsten fierd yn in hierde romte fan in muzykskoalle en letter op in wenskip. Sûnt 1959 hiene de russysk-otterdoksen in kapel yn in wente oan de Persijnstraat.
Bou fan de tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de oanwaaks fan it tal russysk-otterdoksen yn de lêste desennia waard it jimmeroan needsaakliker in echte tsjerke yn Rotterdam te bouwen. Foar dat doel waard in stifting oprjochte. Yn 2002 krige de parochy tastimming sa'n tsjerke te bouwen. Op 19 septimber 2002 waard de earste peal yn 'e grûn slein en op 13 novimber waard de earste stien segene. Op 7 maaie 2003 waard de koepel mei it krús set.
De tsjerke waard op 20 juny 2004 ynwijd troch metropolyt Kirill fan Smolensk en Kaliningrad, in konselebraasje mei aartsbiskop Simon fan Brussel en Belgje en biskop Athenagoras fan Sinope, wêrby't ek geastliken út Ruslân, Belgje en Nederlân en gasten út Sint-Petersburch oanwêzich wiene.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ikonostaze waard makke troch learlingen fan de ikoanenskilderskoalle fan de Moskouse Geastlike Akadeemje. Fierder hat de tsjerke in gouden kroanluchter en gouden alterbeklaaiïng.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|