Aleksander Kûprin (skriuwer)

Ut Wikipedy
Aleksander Kûprin
Kûprin yn Gatsjina (cartoon fan om 1910 hinne)

Aleksander Ivanovitsj Kûprin (Russysk: Александр Иванович Куприн, sekuerder transliterearre as: Aljeksandr Ivanovič Kûprin) (Penza (oblast), 7 septimber 1870 - Leningrad, 25 augustus 1938) wie in Russysk skriuwer, piloat en ûntdekkingsreizger. Hy is fral bekend fan novelles as It duël (1905) en De granaten earmband (1911). Vladimir Nabokov ferlike him mei Rudyard Kipling fanwegen syn ferhalen oer aventuriers.

Kûprins mem wie in Tataarske prinsesse. Yn syn libben hie Kûprin in soad betrekkings; sa wie er ofsier yn it leger, spile er foar in sirkus en wurke as dokter, jager en fisker. Fan 1906 ôf, rekke er oan de drank en besocht er bordelen. Nei de Russyske Revolúsje emigrearre Kûprin nei Frankryk, mar, oantrúne troch de Sovjetautoriteiten, gie er op 31 maaie 1937 (ien jier foar syn dea) werom nei Moskou; dêrtroch koene syn wurken ek yn de Sovjet-Uny útbrocht wurde. Hy is begroeven yn de skriuwershoeke op it Volkovo-begraafplak yn Sint-Petersburch.

Kûprins wurken waarden populêr neidat Leo Tolstoj him de wiere opfolger fan Anton Tsjechov neamd hie. It hichtepunt fan syn rom helle er mei Stafkaptein Ribnikov (1906). Syn roman oer it libben fan prostituees, De kûle (1915), waard troch Russyske kritisy beskôge as in foarbyld fan eksessyf naturalisme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aleksandr Kuprin fan Wikimedia Commons.