Springe nei ynhâld

Aleida Schot

Ut Wikipedy
Komponist Bertus van Lier, Aleida Schot en prinses Beatrix (1955)

Aleida Gerarda Schot (Amsterdam, 9 july 1900 – dêre, 8 juny 1969) wie in Nederlânsk slaviste en fertaalster.

Nei de HBS studearre Aleida Schot Ingelsk oan de Universiteit fan Amsterdam dêr't se yn 1923 har kandidaats- en yn 1930 har doktoraalstúdzje foltôge. Tafallich moete se dêr professor Bruno Becker, heechlearaar Russyske kultuerskiednis. Mei help fan Becker sette Schot útein mei in stúdzje Russysk en yn 1937 sette hja har earste boek út it Russysk oer. Yn de Twadde Wrâldkriich bewenne se in hierwenning oan de Beethovenstrjitte yn Amsterdam. Om troch de tiid te kommen joech hja byles yn Ingelsk en hânwurkles.

Koart nei de oarloch rjochte Aleida Schot tegearre mei Becker de stúdzjeferiening Beseda op. Nei de oarloch krige hja skeel mei Charles B. Timmer doe't dy har net opnimme woe yn syn team fan fertalers fan de Russische Bibliotheek. Dat brocht hja op it aljemint yn in petear mei útjouwer Geert van Oorschot en sy wiisde him op it feit dat Timmer yn de oarloch in twifelige rol spile hawwe soe.[1]

Yn 1950 krige Aleida Schot in oanstelling by de Universiteit fan Amsterdam. Sy waard de assistinte fan professor Nico Donkersloot en joech Nederlânske les oan Britske studinten dy't yn Amsterdam studearren. Yn 1955 ûntfong se tagelyk mei Bertus van Lier de earste Martinus Nijhoff-priis foar har oersettings fan literêre wurken út it Russysk. Yn 1956 waard se wittenskiplik meiwurker earste klasse en yn 1963 haadweittenskiplik meiwurker. Doe't de frou fan Bruno Becker yn 1962 ferstoar smieten sy de lapen gear. Becker stoar yn 1968, Aleida Schot stoar in jier letter hommels, in moanne foar har 69e jierdei, oan de gefolgen de gryp.

Karel van het Reve merke yn in memoariam yn Het Parool fan 13 juny 1969 op dat der foar de fertalingen fan Aleida Schot feitlik gjin folweardige oersetting út it Russysk yn it Nederlânske makke wie.

Aleida Schot hat nea yn Ruslân west. Sy fertaalde allinne wurk fan skriuwers fan foar de Russyske Revolúsje fan 1917, de klassike skriuwers, lykas Gogol, Poesjkin, Dostojevski en Tolstoj.

Schot lei yn har testamint de basis foar de Aleida Schot-priis, dy't alle twa jierren útrikt wurdt foar literêre oersettings út in Slavyske taal yn it Nederlânsk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Van Oorschot wie sels ek fan betinken dat eltsenien de Russische Bibliotheek fertale mocht, útsein Aleida Schot. Neffens Willem Witkampf waard dat him troch Simon Carmiggelt fûl ôfret. (Ischa Meijer De interviewer en de schrijvers (2003; gearstalling Connie Palmen) side 97)