Springe nei ynhâld

Aldheidkeamer fan Molkwar

Ut Wikipedy

De Aldheidkeamer fan Molkwar of Bakkerswinkeltsje Molkwar yn Molkwar sit yn in autentyk bakkerswinkeltsje út 1916. Yn 1916 begûn Cornelis de Boer mei it bakken fan syn spesjaliteit: de Molkwarder koeke. De koeke gie sels mei de Staverske boat nei Noard-Hollân ta. As reklame die hy der in âlde doarpsprint by mei it 17e iuwske Fryske Doalhôf Molkwar. In soad bakkersmaterialen is bewarre bleaun en te sjen op de souder fan it museum. Op de rimmen stean koekeblikken, spekulaasplanken en der is in soad bakkersmateriaal, timmerark en fiskerijmateriaal út Molkwar. Hjir is ek noch in "fammenkeamer" út de tritiger jierren te sjen. Yn de keamer sit in bedsteed mei beskildere doar út 1722. Molkwar stie yn de 16e en 17e iuw bekend as it Fryske doalhôf op 8 eilantsjes. Meidat de manlju in soad fan hûs wienen troch de seefeart mei de Eastsee wienen in soad froulju faak allinnich thús en krige it doarp de namme fan Heksehoale. Foar de jeugd is der in “Heksehoale” yn in ûnderdûkersplak yn de Twadde Wrâldoarloch. In it winkeltsje wurdt snobberij ferkocht út beppes tiid en de hjir bakte Molkwarder Koeke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: