Springe nei ynhâld

Aldegeaster Brekken

Ut Wikipedy
Kaart fan de Aldegeaster Brekken en omkriten

De Aldegeaster Brekken is in mar yn de gemeente Súdwest-Fryslân en leit westlik fan Aldegea.

De Oudegaaster Brekken steane middels de Sânemar en de Grutte Gaastmar yn ferbining mei de Hegemer Mar en de Fluezen. De wetterdjipte leit tusken de 1.80m en de 1m. Oan de westkant binne oanlisplakken fan de Marrekrite. Oan de noardkant leit polder De Ryp.

Yn de noardoasthoeke is in swimplak. Mei de fyts kin men oer it Brekkenpaad en in pontsje om de Brekken hinne nei Aldegea.

Ek de beide oare Brekken, Bombrekken en Flakke Brekken lizze wat by de oare Fryske marren wei in binne dêrtroch net drok. De marren binne ek oanwiisd as Natura 2000 gebiet. De Wink (Swartkopgoes) en oare guozzen sliepe dêr in soad.
Oan de Brekken stiet ek it Dorusmooltsje, in spinnekop-wynmûne út 1790.
Yn de Tempelpleats by de Brekken wie yn de tiid fan de Reformaasje in skûltsjerke.

De namme Aldegeaster Brekken jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oudegaasterbrekken.