Alde Synagoge (Essen)
Alde Synagoge Alte Synagoge | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
plak | Essen | |
adres | Steeler Straße 29 | |
koördinaten | 51°27' NB, 7°1' EL | |
Oare gegevens | ||
streaming | foarhinne liberaal joadedm | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Edmund Körner | |
boujier | 1911-1913 | |
boustyl | Art nouveau, Jugendstil, Neobyzantynske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side Alte Synagoge | ||
Kaart | ||
De Alde Synagoge (Dútsk: Alte Synagoge) is in eardere synagoge en hjoed-de-dei in kultureel moetingssintrum en betinkplak yn 'e Dútske stêd Essen. De synagoge leit oan 'e Steeler Straße 29 yn it sintrum fan 'e stêd tichteby it stedhûs. Yn 1980 waard de synagoge fan 'e foaroarlochske joadske mienskip as betinkingssintrum ynrjochte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1913-1945
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tegearre mei it Rabbinerhaus waard it gebou yn 1913 foltôge nei in boutiid fan twa jier. De synagoge waard ûnder de namme "Nije Synagoge" (Neue Synagoge) yn gebrûk nommen. It is ien fan 'e grutste, bêste bewarre en meast yndrukwekkende tsjûgen fan it foaroarlochske joadske libben yn Dútslân. Oant op 'e dei fan hjoed is it de grutste frijsteande synagoge noardlik fan 'e Alpen en wat romte oanbelanget noch grutter as de Berlynske Nije Synagoge. De synagoge is likernôch 70 m lang en de koepel is 37 m heech.
Nei de iepening op 25 septimber 1913 bleau de synagoge mar in fearnsiuw it kulturele en sosjale sintrum fan 'e yn 1933 likernôch 4.500 leden joadske mienskip fan Essen. Yn 'e Kristallnacht waard it gebou plondere en skeind, mar it eksterieur bleau yntakt. Fanwegen de massive bou fan stielbeton koene de nasjonaalsosjalisten it gebou net neffens plan ôfbrekke. Fanwegen de oanbuorjende hûzen koe it bouwurk net opblaasd wurde. De synagoge oerlibbe de swiere bombardeminten yn 'e Twadde Wrâldkriich op 'e stêd yn 'e oarloch.
1945-2008
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1945 oant 1959 bleau de synagoge oan 'e râne fan 'e binnenstêd sûnder funksje stean. De joadske neioarlochske mienskip, dy't oant dy tiid it eartiidske Rabbinerhaus as sintrum brûkte, naam yn 1959 it beslút om in nije synagoge te bouwen op 'e hoeke fan 'e Ruhrallee/Sedanstraße. Yn itsilde jier krige de stêd de âlde synagoge, dy't it gebou geskikt makke foar it ûnderbringen fan it Museum foar Yndustriële Foarmjouwing (Haus Industrieform). Foar dat doel waarden noch besteande dekorative eleminten ferwidere of oerskildere. Neffens de moade fan doe waard it ynterieur yn in nofteren styl foarmjûn. Mei't yn 1979 koartsluting in brân feroarsake ûntstie der ek ferlet om in oare omgong mei it gebou en de ried naam it beslút om dêr no it Ynstitút Alde Synagoge yn ûnder te bringen. Mei de finansjele stip fan 'e dielsteat Noardryn-Westfalen waard it hiele gebou yn 'e jierren 1986-1988 wer rekonstruearre, sadat de eardere funksje as joadsk gebedshûs te werkennen waard.
Sûnt 2008
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant septimber 2008 waard de Alde Synagoge in iepen moetingsplak en polityk dokumintaasjesintrum. It bea plak oan in soad útstallings oer de joadske religy en kultuer en it joadedom yn it ferline en fan hjoed-de-dei. De gemeenteried woe lykwols de Alde Synagoge ta in Hûs fan Joadske Kultuer útbouwe en der folge in grutte ferbouwing fan it ynterieur om mear romte te meitsjen foar de útstallings en ek de omjouwing waard op 'e nij ynrjochte. De offisjele weriepening barde op 13 july 2010.
Tsjintwurdich binne der fiif ferskillende eksposysjeromtes ferdield oer de flier, de galerij en de entresol. Ynformearre wurdt oer de joadske tradysjes, joadske feesten en de skiednis fan 'e joaden yn Essen. By de trep binne ôfbylden fan joadske pommeranten ophongen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Alte Synagoge (Essen)
|