Springe nei ynhâld

Alde Jousen

Ut Wikipedy

De Alde Jousen is in tochtsleat yn de gemeente Ljouwert. De Jousen rint eastlik fan Koarnjum tusken it Britsumer Aldlân en it Koarnjumer Aldlân.

Yn de Midsiuwen gie de Jousen tusken Koarnjum en Britsum oer yn de Ulemar en waard fuortset yn de Stienzer Feart.

Letter rûn it wetter tusken de Koarnjumermar en de Stienzermar, dy marren binne no ynpoldere.

Sûnt 15 maart 2007 is de namme Joussen opsplitst yn de offisjele nammen Alde Jousen en Nije Jousen.

"Hy is net fan Jousenbuorren (of Jousumbuorren) mar fan Knypsthústerbuorren" is in beneaming foar ien dy't deun is.