Alde Dom (Linz)

Ut Wikipedy
Alde Dom

Alte Dom

bouwurk
lokaasje
lân Eastenryk
dielsteat Opper-Eastenryk
plak Linz
adres Domgasse
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1669-1678
arsjitekt Pietro Francesco Carlone, Carlo Antonio Carlon (taskreaun)
boustyl Barok
monumintale status Monumint
monumintnûmer 115558 [1]
offisjele webside
Webstee Ignatiustsjerke op de side fan it bisdom

De Alde Dom (Dútsk: Alte Dom) is in roomsk-katolike tsjerke yn it Rathausviertel fan de Eastenrykske stêd Linz. De barokke tsjerke waard tusken 1669 en 1678 boud en wijd oan de jezuyt Ignatius. Mei de oprjochting fan it bisdom Linz waard de tsjerke katedraal. Sûnt de bou fan in gruttere katedraal, de Nije Dom, is it in gewoane parochytsjerke. It ûntwerp fan de tsjerke wurdt taskreaun oan Pietro Francesco Carlone yn gearwurking mei Carlo Antonio Carlone. Tsjintwurdich wurdt de tsjerke wer troch jezuïten beheard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alde Dom waard yn it begjin boud as in tsjerke foar de jezuïten. De earste stien waard yn 1669 lein troch David Fuhrman en nei in boutiid fan tweintich jier waard de tsjerke yn 1678 oan de stifter fan de oarder wijd: Ignatius fan Loyola. Nei't paus Klemens XIV de oarder yn 1773 ûnder politike druk ûntbine moast hie de tsjerke gjin funksje mear.

Keizer Joazef II (1741-1790) feroardene sûnder tastimming fan Rome op kosten fan it bisdom Passau de stifting fan it bisdom Linz. Nei't de tsjerklike goedkarring fan 28 jannewaris 1785 fan paus Pius VI folge, waard de helpbiskop fan Passau, Ernest Johann Nepomuk greve Herberstein, de earste biskop fan Linz. Dy joech ynstee fan de stedsparochytsjerke de foarkar oan de noch jimmeroan leechsteande Ignatiustsjerke as katedraal foar it nije bisdom

Tsjin it ein fan de 19e iuw waard de katedraal te lyts troch de foarse befolkingsoanwaaks. Biskop Rudigier liet dêrom in gruttere domtsjerke bouwe, de yn de folksmûle bekend steande Nije Dom. De Nije Dom is tsjintwurdich de grutste tsjerke fan Eastenryk en de toer is op dy fan de Stephansdom nei de heechste fan it lân.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Heechalter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It heechalter is in keunstwurk fan Giovanni Battista Colombo en Giovanni Battista Baberini. It sintrale skilderij stelt it opnimmen fan Marije yn 'e himel foar. Oarspronklik hie it heechalter in skilderij fan de patroanhillige Ignatius. It hjoeddeiske alterdoek is ôfkomstich út in Weenske tsjerke.

Koerstuolte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It koerstuolte is ôfkomstich út it yn 1787 troch keizer Joazef II sletten stift Garsten. It is yn 1633 boud troch in benediktynske muonts Michael Obermüller. Biskop Rudigier fûn it âlde, noch besteande koerstuolte te ienfâldich foar in katedraal.

Preekstoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preekstoel hat in tige swier útfierd klankboerd. Op de fjouwer hoeken fan it klankboerd binne putti oanbrocht en dêrboppe sintraal Kristus mei oan wjerskanten de fjouwer evangelisten. In byld fan Jehannes de Doper foarmet de bekroaning.

Grêven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke leit it grêf fan Maria Elisabeth, in dochter fan Maria Theresia fan Eastenryk. Oant it opheffen fan de oarder waarden ek alle jezuïten yn de tsjerke begroeven. Ek tsjintwurdich is de tsjerke it plak, dêr't de jezuïten fan it Collegium Aloisianum op 'e Freinberg byset wurde. De tusken 1785 en 1924 ferstoarne biskoppen fan Linz waarden ek byset yn de tsjerke, mar nei de foltôging fan de Nije Dom waarden harren sarken oerbrocht nei de nije domtsjerke.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

It oargel fan de tsjerke is yn 1780 troch Franz Xaver Krisman foar de sistersjinzerske stiftstsjerke Engelszell boud. Nei it yn it ramt fan de sekularisaasje ûntbinen fan it kleaster, kaam it oargel nei Linz. It oargel waard troch de oargelbouwers Breinbauer ferboud neffens de winsken fan de komponist Anton Bruckner, dy't fan 1855 oant 1868 as organist oan de tsjerke ferbûn wie. It yn de oarspronklike steat werombrochte sleepladen-ynstrumint besit 32 registers ferdield oer trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk. In plakette betinkt de tiid dat Bruckner yn de tsjerke wurke as organist. Yn 2016 waard it oargel troch de oargelboufirma Kuhn restaurearre.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side