Albertus van Harinxma thoe Slooten (politikus)
Albertus baron van Harinxma thoe Slooten (Drachten, 5 oktober 1836 - Olterterp, 22 maaie 1881) wie in Nederlânske boargemaster.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harinxma thoe Slooten wie in soan fan de grytman fan Smellingerlân Maurits Pico Diderik van Harinxma thoe Slooten en Clara Feyona van Eysinga. Syn âlden lieten yn 1843 de Harinxmastate yn Beetstersweach bouwe. Dêr groeide hy op. Harinxma thoe Slooten boaske op 12 maart 1862 by folmacht mei de yn it Dútske Mannheim wenjende Carolina Amalia von Clermont, dochter fan Frederic August von Clermont en Jenny von Gruner. Hy waard yn jannewaris 1873 beneamd ta boargemaster fan Opsterlân. Hy folge dr. Joachimus Lunsingh Tonckens op. Yn 1876 waard hy keazen ta lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân en waard opfolge troch M. N. Wijt. Van Harinxma wie foarsitter fan de Grutte Feanpolder yn Opsterlân en Smellingerlân. Syn frou ferstoar op 40-jierrige leeftiid yn jannewaris 1878. Hy oerlibbe har mear as trije jier en ferstoar yn maaie 1881 yn Olterterp op 44-jierrige leeftiid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |