Springe nei ynhâld

Albert Groenheyde

Ut Wikipedy
Flamenco
Dame yn blau

Albert Groenheyde (1939) is in byldzjend keunstner út Putte yn West-Brabân. Hy studearre oan de Akademy foar byldzjende keunsten yn De Haach. Dêrnei wurke hy as grafysk ûntwerper. De lêste jierren leit er him ta op de byldzjende keunst.

Doel fan Groenheyde is om syn emoasje oer te bringen op syn publyk. Groenheyde skildert minsken sa't se binne en kin bytiden konfrontearjend wêze. Hy wurket realistysk en jout syn neakens en portretten op syn eigen wize wer. De iene kear massyf, dan wer trochskinend. Lykas in muzikant syn ynstrumint bespilet. Jazzmuzisy foarmje ek in diel fan syn wurken.

Troch details der út te heljen of observaasjes yn in oare diminsje te setten ûntsteane bytiden ferfrjemzjende skilderingen.

Foarbylden fan him wienen Lucian Freud, David Levine en Jenny Saville.

Eksposysjes fan syn wurken wienen ûnder oare yn Helmond, Amsterdam en yn Belgje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: