Springe nei ynhâld

Albert Göring

Ut Wikipedy

Albert Göring (Friedenau, 9 maart 1895 - München, 20 desimber 1966) wie in Dútske sakeman dy't ûnder it nazi-rezjym in protte Joaden en dissidinten rêden hat. Albert syn âldere broer Hermann Göring wie ryksmaarskalk fan nazi-Dútslân en haad fan de Luftwaffe en waard yn it de Prosessen fan Neurenberch fanwege ûnder oaren misdieden tsjin de minsklikheid ta de dea feroardiele.

Albert Göring wie in soan fan de Dútske jurist en amtner Ernst Heinrich Göring en syn frou Franziska. Hoewol't hy en Hermann it goed mei elkoar fine koenen, liken sy net op elkoar. Hermann wie in bravoerrige jonge mei blauwe eagen; Albert wie in mear erchtinkende jonge mei brune eagen. Hy like sa bot op syn peetomke, ridder Hermann von Epenstein, dat in protte minsken tochten dat dy syn wiere heit wie. As dat sa west hie soe Albert Göring in Joadske pake hân hawwe.

Hy groeide op yn de kastielen fan Von Epenstein, dy't in surrogaatheit foar de fiif Göring-bern wie meidat heit Heinrich fanwege syn wurk in protte fuort wie. Albert Göring naam de leafde foar 'it goede libben' fan syn peetomke oer en wurke, oars mei in bytsje súkses, as filmmakker yn Wenen.

Anty-nazyaktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nazi's kamen 1933 yn Dútslân oan de macht. Hermann Göring wie al yn 1922 lid fan de NSDAP wurden en soe it bringe ta ien fan de meast wichtige figueren^yn it rezjymen. Albert woe neat witte fan de partij fan Adolf Hitler en har ideology. Hy wie in leauwich roomsk-katolyk en antisemitisme wie frjemd foar him. Yn de jierren foar de Anschluss liet er dat geregeldwei yn it iepenbier witte.

Doe't de Dútsers yn 1938 Eastenryk anneksearren, hie er grutte problemen krije kinnen, mar as er al arrestearre waard, wie syn efternamme of it streekrjocht yngripen fan syn broer genôch om him wer frij te krijen. Göring makke dêr tankber brûkme fan. Bygelyks seach er ris hoe't joaden troch de SS twongen waarden ta strjitskrobjen. Sûnder berie die er syn jas út, gie op de knibbels en die mei harren mei. Fuortendaliks makke de ferantwurdlike SS-offisier doe in ein oan de iepenlike krinking.

Albert Göring hat in protte lju it lân út holpen. Syn âld wurkjouwer, de filmprodusint Oskar Pilzer, wie Joadsk en doe't dy arrestearre waard brûkte Göring syn ynfloed om him en syn famylje it lân út te krijen. Doe't de ferneamde komponist Franz Lehár troch de autoriteiten bedrige waard omdat syn frou joadsk wie, regele Göring in Ariër-status foar har. In tankbere Lehár droech letter in komposysje oan him op.

Letter ferhuze Göring nei Pilsen dêr't er eksportmanager yn de Škoda-fabryk waard. Dêr moedige hy sabotaazjeaktiviteiten fan it personeel oan. Sa koe it barre day in ynwenner fan Rochester nei in bombardemint in "bom" út it Škoda-fabryk fûn dy't mei sân fold wie.[1] Ek hat er yn alle gefallen ienris in frachtwein nei in konsintraasjekamp stjoerd ûnder it mom dat der grut ferlet fan arbeiders foar syn fabryk wienedich. In grut tal finzenen waard him oerdroegen en dy waarden letter djip yn de bosk troch him frijlitten.

Albert Göring pleite geregeldwei by syn broer foar frijlitting as in bettere behanneling fan yndividuele joaden en dissidinten. Dy joech der faak oan ta, miskyn om Albert sjen te litten hoe folle macht dat hy hie, mar faaks hat it foar Hermann ek in moaie oanlieding west om de macht fan syn konkurrinten Reinhard Heydrich en Heinrich Himmler te beheinen.

Albert wie oars net de iennige Göring dy't him warde tsjin de nazi's. Neef Werner wie foar de oarloch nei de Feriene Steaten emigrearre en fleach 48 missys boppe Dútslân yn in B-17. Syn neef Henchz wenne yn Poalen en waard deasketten doe't er wegere om syn Joadske buorlju yn de steek te litten doe't dy troch in SS-kommando útrûge waarden.

Albert Göring waard nei de befrijing heard yn Neurenberch. Hy siet twa jier fêst, allinnich fanwege syn efternamme. Earst neidat tsjûgen oer syn dieden praten waard er frijlitten. Fanwege syn feiligens waard hy nei Argentynje stjoerd, dêr't er in tal jierren wenne. Der folgen treurige jierren mei skoften fan wurkleazens, mar hy waard stipe troch minsken dy't er it libben rêden hie.

Dêrnei wenne hy yn München. Hy wie dêr oersetter en ûntwerper by in boubedriuw. De man dy't yn syn jeugd yn kastielen taholden hie slite syn lêste jierren yn in flatsje. Lange jierren nei syn dea is er folslein fergetten west. It betinkingssintrum Yad Vashem hat syn namme net. Pas nei de publisiteit om Oskar Schindler hinne, dy't deselde soarte dingen dien hat, waard syn namme út de ferjitnis helle.

  • Vriesema, Ingmar (2011). Albert Göring. Ut: Het beroemde broer & zus boek. Rap, Amsterdam. s.55-59. ISBN 978-94-004-0291-1. (ned)
  • James Wyllie: Albert Göring … gegen Hitler, meinen Bruder und alle Nazis. Magnus Verlag, Essen 2006, ISBN 3-88400-442-5.
  • Arno Lustiger: Rettungswiderstand. Über die Judenretter in Europa während der NS-Zeit. Wallstein Verlag, Göttingen 2011 (dú)
  • William Hastings Burke: Thirty Four. Wolfgeist Publishing 2009, ISBN 978-0-9563712-0-1 (in)
  • Vida Goldgar: The Goering Who Saved Jews. Jewish Times (10 maart 2000), Atlanta (in)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. WW2 People's War - Getting By in Wartime Rochester, BBC, 27 nov. 2004