Springe nei ynhâld

Alashanreadsturtsje

Ut Wikipedy
Alashanreadsturtsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readsturtsjes (Phoenicurus)
soarte
Phoenicurus alaschanicus
Przjevalski, 1876
IUCN-status: hast bedrige

It Alashanreadsturtsje, ek it Przewalskireadsturtsje (Phoenicurus alaschanicus), is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e Muscicapidae (miggesnappers). It is in endemyske fûgel fan Sina.

De namme Alashanreadsturtsje is ûntliend oan 'e Helan-bergen, dy't eartiids faak de Alashan-bergen neamd waarden.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is 14 oant 16 sm grut en hat oranje, grize en swarte kleuren.

It mantsje hat in grize nekke en in grize bopperêch. De efterrêch en de sturt binne kastanjeread oant oranje en de wjukken swart mei wite aksinten. De ûnderkant is ljochtoranje en nei de búk ta witer.

It wyfkes is effen brún mei fan ûnder wat mear bêzje. De wjukken binne brúnswart mei bleke rânen oan 'e grutte dekfearren, sekundêre slachpinnen en tertials. De stút en de sydkanten fan 'e sturt binne oranje, it midden fan 'e sturt is brúnswart.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte komt yn Sintraal-Sina foar en briedt allinne yn 'e provinsjes Qinghai, Gansu en Ningxia. Winterdeis is de soarte ek yn it suden fan Shaanxi, Shanxi, Hebei en Beijing waarnommen.

It biotoop fan 'e fûgel is mei strewellen begroeide hellingen mei stieneftige grûn. Se binne ek yn bercheftige nullebosken fan 3.300 oant de beamgrins te sjen. Nei it brieden siket er legere dielen op oant likernôch 2.000 meter boppe seenivo. Yn 'e hjerst libbet de fûgel hast allinne noch beien.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oannommen wurdt dat de populaasje relatyf lyts is en rûsd wurdt dat de populaasje út 6.000 oant 15.000 folwoeksen fûgels bestiet. Troch it ferdwinen fan bosk rinne de oantallen fan 'e de soarte nei alle gedachten al in skoft tebek. De soarte wurdt dêrom troch IUCN op 'e Reade list as hast bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: