Springe nei ynhâld

Ajmag

Ut Wikipedy

Ajmag (Mongoalsk: аймаг, ek oerset as aymag, aimag, aimaq of aimak; meartal: ajmguud) is in Mongoalsk en East-Turksk wurd, dat "stam" of "stamgroep" betsjut. It wurd wurdt brûkt om bestjoerlike gebieten, provinsjes, mei oan te tsjutten yn Mongoalje (en in stikje Ruslân).

Yn Mongalje wurde provinsjes ajmag neamd. In ajmag is ûnderferdield yn somons (iental sum). Sum wurdt ek wol oerset mei 'distrikt. De haadstêd Ulaanbaatar is in aparte gemeente, ferdield yn stedsdistrikten, dat bûten de provinsjale yndieling falt.

De ajmags waarden ynsteld yn de Folksrepublyk Mongoalje nei de wapenstilstân yn de Sovjet-Japanske Grinskriich, dy't sletten waard mei Japan nei de Slach by Halhin Gol. Dêrnei folge yn 1941 in bestjoerlike herfoarming; de âlde yndieling út de ein fan de Kwing-dynasty waard fefongen troch yn yndieling yn 11 ajmags. Yn 1954 waard in part fan de súdlike Goby weromjûn oan de Folksrepublyk Sina en waard it synsteem fierder ferfine. Yn 1996 wie de lêste werstruktuerearring en sûnt bestiet it lân út 21 ajmguud:

List fan ajmguud

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lizzing fan de Mongoalske provinsjes
Ajmag Mongoalsk Haadstêd Mongoalsk
Arhangaj Архангай Tsetserleg Цэцэрлэг
Bajan-Ölgi Баян-Өлгий Ölgi Өлгий
Bajanhongor Баянхонгор Bajanhongor Баянхонгор
Bulgan Булган Bulgan Булган
Darhan-Uul Дархан-Уул Darhan Дархан
Dornod Дорнод Tsjojbalsan Чойбалсан
Dornogovĭ Дорноговь Sajnsjand Сайншанд
Dundgovĭ Дундговь Mandalgovĭ Мандал-Говь
Govĭ-Altaj Говь-Алтай Altaj Алтай
Govĭsümber Говь-Сүмбэр Tsjojr Чойр
Henti Хэнтий Öndörhaan Өндөрхаан
Hovd Ховд Hovd Ховд
Hövsgöl Хөвсгөл Mörön Мөрөн
Ömnögovĭ Өмнөговь Dalanzadgad Даланзадгад
Orhon Орхон Erdenet Эрдэнэт
Övörhangaj Өвөрхангай Arvajheer Арвайхээр
Selenge Сэлэнгэ Sühbaatar Сүхбаатар
Sühbaatar Сүхбаатар Baruun-Urt Баруун-Урт
Töv Төв Zuunmod Зуунмод
Uvs Увс Ulaangom Улаангом
Zavhan Завхан Uliastaj Улиастай