Darhan
Darhan Дархан | ||
Bestjoer | ||
Lân | Mongoalje | |
Armag | Darhan-Uul | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 80.738 (2010) | |
Oar | ||
Stifting | 1961 | |
Tiidsône | UTC+8 |
Darhan (Mongoalsk: Дархан, 'smidte') is de tredde stêd fan Mongoalje en waard yn 1961 stifte. It is de haadstêd fan de provinsje (aimag) Darhan-Uul en hat sa'n 74.000 ynwenners, likernôch 82% fan de provinsjebefolking. Darhan leit likernôch healwei tusken Ulaanbaatar en de grins mei Ruslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Darhan waard earst stifte op 17 oktober 1961. De namme docht al út bliken dat it plak as in yndustrystêd opset is. Mongoalje waard by de bou bot stipe troch de Sovjet-Uny. De Russen hawwe dêr in soad apparteminten set, dat it oansjen fan de stêd hat in protte fan Sovjet-Russyske stêden. 86% fan de ynwenners wennet yn dy apparteminten en de rest libbet yn tradisjonele joerten oan de rânen fan de stêd, lykas op mear plakken yn Mongoalje.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Darhan is it twadde ûnderwiissintrum fan it lân. It ûnwiisnivo fan de stedsbefolking is frijwat heech. Hûnderten studinten út oare parten fan Mongoalje komme nei Darhan foar harren stúdzje. Op it heden sitte der tsien ynstituten foar heger ûnderwiis, 25 middelbere skoallen en ûnder oaren it Ynstitút foar Management en Untjouwing.