Agnes Alida Huber
Appearance
Agnes Alida Huber | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Agnes Alida Huber | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 septimber 1702 | |
berteplak | Ljouwert (Fryslân) | |
stoarn | 1 juny 1774 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk Switsersk | |
wurkpaad | ||
aktyf as | filantrope | |
reden bekendheid |
stiftster gasthûs Vredenhof te Dronryp |
Agnes Alida Huber (Ljouwert, 24 septimber 1702 – dêre, 1 juny 1774), wie ien fan 'e dochters fan Harmannus Huber (1663-1730), de siktaris fan 'e Steaten fan Fryslân en boargemaster fan Snits, en dy syn frou Elizabeth Huber-De Hertoghe (1666-1751).
Hja troude nea en hie gjin bern, mar wenne jierrenlang op it bûten Skatzenburch, yn Dronryp, dat yn it besit fan har famylje wie. Yn 1745 stifte se it earste rychje fan seis wenten fan it Rypster gasthûs (âldereintehûs) "Vredenhof", oan wat letter de Dûbelestreek wurde soe. Agnes Alida Huber ferstoar yn 1774 te Ljouwert, yn 'e âldens fan 71 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |