Springe nei ynhâld

Aggemastate

Ut Wikipedy
Aggema State

Aggemastate, ek: Aggemastins, Aggemaslot en ’t slot op De Campe wie in State yn Penjum. De stins waard om 1410 boud oan de Penjumer Feart by it buertsje 'de Campen' tusken Wytmarsum en Penjum.

Yn 1715 waard it opmetten en besloech it 63 pûnsmiet en 10 einzen (1 pûnsmiet wie 12 einzen). Letter skynt der noch mear lân by kommen te wezen, want yn 1889 waard de state mei 38 hektare lân oanbean (= mear as 100 pûnsmiet). Der waard doe f. 49.620 bean.
De huzinge seach der yn 1889 troch meardere ferbouwings gâns oars út as nei de bou fan de stins troch Agge Sybrens Walta. Tsjin 1500 wie syn pakesizzer Alef Walta, eigener dy’t him Alef fan Aggema neamde. Dy syn pakesizzer, ek in Alef, wie ek al in ûndertekener fan it Ferbûn fan de Eallju en hy moast ek it âlderlik stee ferlitte. Alva ferklearre syn besit ferlern, mar de tiden feroaren en sa krigen de Aggema’s harren erfgoed werom. Alef wie lykwols al yn 1572 ferstoarn.

De lêste manlike Aggema hat syn oerpakeszzer Piter west, dy’t troch houlik ek besittings yn Grinslân krige en him dêrom "Hear fan de Kampen oant Wytmarsum, fan Alma en Rensema, Jonker en Hôveling op de Meden", neamde.
It hûs is nei it útstjerren fan de Aggema’s yn besit fan de famylje Clant komd, dy’t no de namme Aggema der mar by nom en it wie Jhr. Petrus Adolph Valerius Agama fan Clant, dy’t mei Anne Holbes de Boer fan Warkum opdracht joech yn 1715 it goed op te mjitten, mei it al boppeneamde resultaat. Yn 1728 stiet it op namme fan Reintje A. de Boer, widdo fan Gaastra te Warkum. De opmjitting sil dus wol yn ferbân stien hawwe mei de ferkeap oan de famylje De Boer.

Yn de patriottetiid wenne dêr Frans de Boer, dy’t in grut oanhinger wie fan de Frânske ideeën. Hy moast yn 1787, doe’t de Prinsgesinden mei Prusyske help wer baas waarden, de flecht nimme en syn besit waard ferlern ferklearre en ferkocht. Yn 1791 waard 'het adellijk slot de Campen' te keap oanbean en it jier dêrnei wie der in boelguod fan meubels, skilderijen, in huningparse, in paadigge en in skoffelploech. Hy kaam lykwols mei de Frânske befrijers werom.

De grêft om de pleats fan no is noch in herinnering oan it âlde slot, mei it front nei Penjum en dat destiids in soad beamte mei tunen hie.

  • ± 1410 Agge Sybrens Walta; liet de stins bouwe
  • ± 1450 Pieter Agges Walta
  • ± 1485 Alef Pieters van Aggema, soan fan foargeande
  • ± 1515 - 1554 Pieter Alefs van Aggema, boaske mei Ynts Sydsdr. fan Eminga
  • 1554 - 1601 Pieter Pieters fan Aggema, boaske mei Eelck Minnedr. fan Eminga
  • 1601 - 1634 Eelck Minnedr. fan Eminga
  • 1634 - 1675 Alef fan Aggema, boaske mei Catharina Pybedr. fan Eminga
  • 1675 - 1685 Piter Alefs fan Aggema (Hear fan Rensuma) en Marij Pybedr. fan Wytsma
  • 1685 - ? Jelts fan Aggema (suster fan Piter), boaske mei Roelif fan Clant
  • Adolfus Sixtus fan Clant en Electa Catharina fan Aggema
  • ? - 1715 Petrus Adolphus Valerius Aggama fan Clant en Beatrix Maria fan Catius
  • 1715 - 1728 Anne Halbes de Boer út Warkum
  • 1728 - ? Reintje Annes de Boer, widdo Gaastra
  • ± 1770 Frans de Boer
  • ± 1955 W. Reitsma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: