Agency Village (Súd-Dakota)
Appearance
Agency Village | ||
De Tiospa Zina Stammeskoalle, te Agency Village. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Súd-Dakota | |
County | Roberts County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 776 (2020) | |
Oerflak | 18,6 km² (ynkl. wetter) 18,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 41,7 / km² | |
Hichte | 486 m | |
Oar | ||
Stifting | 1867 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 45°34′51″N 97°04′59″W | |
Kaart | ||
Lizzing fan Agency Village yn Súd-Dakota.
|
Agency Village is in doarp yn Roberts County, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. It doarp leit in pear km besuden de stêd Sisseton. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2020 lei it ynwennertal fan Agency Village doe op 776 minsken.
Foarsjennings en eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Agency Village is de sit fan it reservaatbestjoer fan it Lake Traverse Yndianereservaat (Lake Traverse Indian Reservation), fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (Sisseton and Wahpeton Sioux Tribe). Ek it Sisseton Wahpeton Kolleezje is yn it doarp fêstige. Elts jier krekt foar 4 july, de Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei, fynt der in grutte iepenloft-powwow plak, dy't in protte toeristen lûkt.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Village,_South_Dakota References, op dizze side. |