Springe nei ynhâld

Age Johan Looxma van Welderen Rengers

Ut Wikipedy

Age Johan Looxma van Welderen baron Rengers (Ljouwert, 7 septimber 1875Amersfoort, 24 febrewaris 1947) wie in Nederlânsk bestjoerder.

Rengers hearde ta de famylje Rengers. By Keninklik Beslút fan 9 april 1878 waard him tastien om Looxma oan syn namme ta te heakjen. Hy wie in soan fan Wilco Julius van Welderen baron Rengers (1834-1916) en Catharina Theresia Looxma (1843-1911). Syn heit en syn bruorren Theo van Welderen baron Rengers (1867-1945) en Johan Edzard van Welderen Rengers (1877-1963) wiene ûnder oare lid fan de Earste Keamer. Hy troude yn 1901 mei Louise grevinne Schimmelpenninck (1880-1975), lid fan de famylje Schimmelpenninck.

Rengers waard yn 1901 beneamd ta boargemaster fan Menameradiel en wenne mei syn hûshâlding yn Dronryp. Hy wie teffens kommissaris fan de N.V. "Noordelijk Landbouw-Crediet". Hy frege en krige yn 1912 earfol ûntslach as boargemaster en sette him dêrnei nei wenjen yn Amersfoart.
Fan 1919 oant 1946 wie er aktyf foar ferskate wetterskippen en wie ûnder mear dykgraaf fan it Hoogheemraadschap van den Bunschoter Veen- en Veldendijk en fan it wetterskip Eemnes. Hy wie de grûnlizzer fan de ruilferkaveling yn de Iemnesserpolder. De Rengerswetering, in wetterrin en útwreidingsplan fan de gemeente Bunschoten, waard nei him ferneamd.[1]

Rengers waard yn 1939 beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy kaam te ferstjerren yn 1947; hy waard 71 jier âld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: