Advinttsjerke (Ljouwert)
Advinttsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Dokkumertrekwei 41 | |
koördinaten | 53°12' N 5°48' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Sândedei-advintisten | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1980 | |
Webside | ||
Side fan de gemeente | ||
Kaart | ||
De Advinttsjerke oan 'e Dokkumertrekwei yn Ljouwert is it tsjerklike sintrum fan 'e Sândedei-advintisten yn Fryslân. It is ien fan 'e likernôch sechtich gemeenten fan it tsjerkegenoatskip yn Nederlân en it iennige tsjerkegebou fan 'e Sândedei-advintisten yn Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grûnlizzer foar de út de Feriene Steaten oerwaaide Advintbeweging yn Fryslân wie de Ljouwerter baptistedûmny Piet Schilstra. Syn lêzings yn Ljouwert brochten der yn 1915 tsien minsken ta om harren yn Minnertsgea dope te litten. Dat barren markearre it begjin fan 'e skiednis fan 'e gemeente yn Fryslân.
Yn 2015 fierden de Fryske Sândedei-advintisten harren 100-jierrich jubileum fan 'e gemeente.[1][2]
De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1980 boud. Foar dy tiid hiene de Sândedei-advintisten harren gebou oan 'e Foarstreek 36.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|