Adrianus fan Nikomeedje
Adrianus fan Nikomeedje | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
stjerdatum | 4 maart 304 | |
stjerplak | Nikomeedje | |
wurkpaad | ||
berop | ofsier | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Easterske Tsjerken | |
hjeldei | 8 septimber (roomsk) 26 augustus (otterdoks) | |
attributen | Ambyld, bile, swurd, liuw | |
patroan fan | Soldaten, slachters, minsken dy't finzenen beweitsje |
Adrianus († Nikomeedje, 4 maart 304) wie in Romeinsk ofsier en in kristlik martler.
Hagiografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Adrianus wie ofsier yn it Romeinske leger en libbe yn 'e tiid fan keizer Diokletianus (305-311) en wenne mei syn frou Natalia yn Nikomeedje. Om it jier 300 hinne pakte meibestjoerder Maksimianus 23 kristenen op, dy't harren yn in grot ferburgen hiene. Hy liet har martelje en Adrianus wie dêr tsjûge fan. Doe't Adrianus de manlju frege hoe't hja al dat marteljen sa ferneare koene, anderen hja mei de wurden yn 1 Kor. 2:9:
Wat it each net sjoen en it ear net heard hat en yn it minskehert net opkommen is, alles wat God ree makke hat foar dy't Him leafhawwe.
Fanwegen dy wurden en harren moed wie Adrianus sa ferheard, dat er him ek by har joech en himsels kristen neamde sûnder dat er doopt wie. Adrianus waard fuortendaliks oppakt en yn 'e finzenis smiten. Syn frou wie al yn it geheim kristen en doe't hja hearde dat har man yn 'e finzenis siet, tocht hja dat er wat ferkeards dien hie. Doe't hja lykwols fernaam dat er fanwegen syn bekearing ta Kristus finzen siet, fleure hja op en gie hja yn feestklean nei de finzenis om him oan te trunen hoek te hâlden by de besikings, dy't noch op him wachten.
Nei't Adrianus foar it rjocht stien en oan syn leauwe fêst holden hie, waard er sa tamtearre dat syn yngewanten bleat kamen te lizzen. Syn frou Natalia knipte harsels it hier ôf en ferklaaide har om har man en de oare 23 kristenen temûk te ferpleechjen, mar doe't Maksimilanus dêrfan hearde, liet er út lilkens de fuotten fan 'e 23 kristenen yn in bankskroef pinigje oant de dea der op folge. Adrianus krige in oare behanneling en him waarden de ledematen op in ambyld ferbrizele en syn earms mei in bile ôfhakt. De manlju moasten dêrnei yn opdracht fan 'e keizer ferbaarnd wurde, mar doe't de beulen it fjoer oanstutsen, sette der swier op en dwêste de stjalprein it fjoer, wylst de bliksem de beulen deaden.
Kristenen hellen de lichems fuort en begroeven se oan 'e râne fan Byzantium. Natalia hie noch in hân fan Adrianus weinimme kind, mar doe 't in tribún syn each op har falle liet en mei har trouwe woe, flechte hja oer see ek nei Byzantium. Hja waard efterneisitten troch de tribún, mar in hurde wynpûster twong syn skip om werom te kearen. Dat wûnder waard taskreaun oan 'e hânrelikwy fan Adrianus. Yn Byzantium waard de hân by de rest fan Adrianus begroeven en nei't ek Natalia stoar waard hja by de oaren begroeven.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Adrianus (sûnder Natalia) wurdt op 8 septimber yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke betocht. Yn 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke wurd op 26 augustus Sint-Adrianus mei Sint-Natalia en de 23 gesellen fierd.
Yn 'e 12e iuw ûnstie om Adrianus hinne yn 'e Nederlannen en Frankryk in ferearingskultus. Tsjerken mei it patrosinium fan Adrianus stean yn Langeraar, Naaldwyk en Dreischor.
Reliken binne û.o. te finen yn 'e Sint-Bartoloméustsjerke fan Geraardsbergen yn Belgje en de parochytsjerke Sankt Gertraud fan Würzburg yn Dútslân.
Patroanhillige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Adrianus is beskermhillige fan soldaten, wapenhannelers, smitten, minsken dy't finzenen beweitsje, bierbrouwers en slachters. Adrianus wurdt tsjin epilepsy oanroppen en beskermet by hommels ferstjerren en de pest.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut en troch wurdt Adrianus op Frânske, Flaamske en Nederlânske skilderijen yn 'e lette midsiuwen útbylde. Yn 'e regel wurdt er as in ofsier mei in ambyld oan 'e fuotten útbylde, somtiden ek mei in bile, in swurd en ôfhakte hân. Ek hat er faak noch in liuw by him, in ferwizing nei syn moed wilens syn martlerskip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Adrian von Nikomedien
|