Springe nei ynhâld

Adriaan van der Stel

Ut Wikipedy

Adriaan van der Stel, of Adriaen van der Stel (Doardt, jannewaris 1605Seylon, 25 maaie 1646) wie foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy de gûverneur fan Mauritsius fan 1639 oant 1645. Van der Stel waard as gûverneur op Mauritsius deropfolge troch Jacob van der Meersch.

Van der Stel kaam as nije gûverneur op 8 novimber 1639 mei de Kappel oan yn Vieux Grand Port. Yn syn earste jier as gûverneur hat Van der Stel Fort Frederik Hendrik op Mauritsius ferbouwe litten en bewapene mei 14 kanonnen. Hy wreide it garnizoen út mei 80 man.[1] Yn 1642 liet Van der Stel de earste slaven fan Madagaskar komme om te besykjen de arbeidsproblemen op it eilân op te lossen.[2] Van der Stel hat op Mauritsius ûnder oare besike de lânbou te ûntwikkelje.

De soan fan Adriaan van der Stel wie Simon van der Stel, dy’t letter kommandeur en gûverneur fan de Kaapkoloanje op Kaap de Goeie Hope wurde soe. In pakesizzer fan Adriaan wie Willem Adriaan van der Stel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mauritius, De VOC site (sjoen op 8 novimber)
  2. Barbara Valentine, The Dark Soul of the People. Slaves in Mauritius, 2000, South African Data Archive, 2001 (sjoen op 8 novimber)