Adolphus Ypey
Adolphus Ypey of Adolphus Ypeus of Adolf Ypey (Frjentsjer, 4 juny 1749, - Leien, 27 febrewaris 1822), wie in Frysk botanikus en doktor yn de filosofy en medisinen. Hy wie de soan fan professor Nicolaas Ypey.
Hy studearre ôf oan de Universiteit fan Frjentsjer en dosearre dêr letter botany. Letter joech er Medisinen oan de Universiteit fan Leien.
Ypeys dissertaasje hie as titel Dissertatio philosophica inauguralis de igne en syn akademysk stúdzjebegelieder wie Jean Henri van Swinden.
Ypey is it meast bekend fan syn ryk yllustrearre wurk "Vervolg op de Afbeeldingen der Artsenij-gewassen met derzelver Nederduitsche en Latijnsche beschrijvingen" publisearre yn 1813 troch de Amsterdamske printer J.C. Sepp en zoon. It boek wie in oanfolling fan it wurk fan de Dútske botanikus Johannes Zorn.
-
Swietenia mahagoni
West Yndysk Mahoanje
Oar wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sijstematische Handboek der Beschouwende en Werkdaadige Scheikunde, 9 dielen., Amsterdam, 1804-1812
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Frysk dokter
- Frysk botanikus
- Frysk filosoof
- Frysk ûnderwizer
- Frysk publisist
- Nederlânsk dokter
- Nederlânsk botanikus
- Nederlânsk filosoof
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk publisist
- Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Frjentsjer
- Persoan berne yn 1749
- Persoan stoarn yn 1822