Springe nei ynhâld

Adie Lamberts

Ut Wikipedy

Adie Lambertsz (Kollum?, 1521/1522 - Ljouwert, 27 maaie 1594) wie in keapman-boargemaster.

Lambertsz waard yn 1561 boarger fan Ljouwert. Hy wie keapman en herfoarmingsgesind. Hy waard boargemaster fan Ljouwert (1578-1586) en ferovere by it ferrie fan Rennenberg it Ljouwerter blokhûs.

Adie Lambertsz is de stamfaar fan it geslacht Adius en syn portret hinget yn it Frysk Museum. Syn biedwurd wie nei alle gedachten: It is mei sizzen net te dwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Adie Lambertsz.