Springe nei ynhâld

Adam van der Woude

Ut Wikipedy

Adam Simon van der Woude (Easterlittens, 16 oktober 1927Haren, 18 novimber 2000) wie in Nederlânse teolooch, bibelwittenskipper en predikant.

Van der Woude kombinearre in suver wittenskiplik oanpak fan de tekstskiednis fan de Bibel mei in leauwige belutsenens. Hy wie ferbûn oan de Ryksuniversiteit Grins.

Van der Woude wie de âldste soan yn in boerehûshâlding. Gewoanwei hie er de pleats oernimme sillen, mar hy gie nei it gymnasium yn Ljouwert. Hebriuwsk wie dêr in ûnderdiel fan it lespakket.

Fan 1947-1957 studearre er teology en Semityske talen oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn syn stúdzje lei Van der Woude him neist it Hebriuwsk ek ta op it Arameesk, Akkadysk en Aldegyptysk.

Yn 1947 waarden yn in grot by Kumran (Qumran) de earste Deade Seerollen ûntdutsen. Dat hie in soad te betsjutten foar de bibelwittenskip. De rollen lieten in nij ljocht skine op de skiednis fan it Alde Testamint en it iere joadendom .

Van der Woude hie in soad niget oan dy matearje en publisearre dêr al oer doe't er noch studearre.

Van der Woude promovearre yn 1953 cum laude op syn proefskrift oer de mienskip yn Qumran. De dissertaasje krige ynternasjonaal omtinken. Van der Woude wiisde op it ferskaat yn de joadske leauwensmienskippen en de relaasje tusken messiaanske foarstellings en sosjale groep.

It predikantwêzen fan 1957 oant 1960 wie foar him skofthâlde yn it wittenskiplik bedriuw. Yn 1960 wurdt Van der Woude heachlearaar yn Grins.

Yn 1961-1962 krige de KNAW de ekslusive publikaasjerjochten fan de rollen dy't yn 1956 fûn waarden en fan de fragminten út grot 11 fan Kumran. De KNAW droech de publikaasje en bewurking fan de manuskripten op oan Van der Ploeg en de jonge Van der Woude. Van der Woude rjochte fanwege dy taak yn 1961 it Kumran Ynstitút op.

Nei earst in tal lytsere publikaasjes ferskynde yn 1998 de publikaasje foar altyd fan alle troch de KNAW oankochte manuskripten út grot 11.

De fynst fan de Deade Seerollen soarge foar in bot tanimmende belangstelling foar it betide Joadendom. Yn 1970 rjochte Van der Woude it Journal for the Study of Judaism in the Persian, Hellenistic and Roman Period op, dat noch altyd fan belang is.

Yn 1974 waard van der Woude lid fan de KNAW. Fan 1987-1990 wie hy foarsitter fan de ôfdieling Letterkunde.

Van de Woude wie pleiter foar in wittenskiplike teology en in krityske wikselwurking mei oare fakgebieten.

  • Die messianischen Vorstellungen der Gemeinde von Qumrân (1953), dissertaasje Grins
  • Bijbels Handboek (1981-1987) , 3 dielen, kompendium fan de bibelwittenskip
  • Literatuur van Oud-Israël (1973)
  • Oudisraëlitische en vroegjoodse literatuur (2001)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]