Adam Ernst fan Haren
Adam Ernst fan Haren (Ljouwert, 25 oktober 1683 – dêre, 12 maaie 1717) wie in Fryske grytman.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Adam Ernst wie lid fan de famylje Van Haren en in soan fan Willem van Haren (1655-1728) en Froukje fan Burmania (1660-1702), in dochter fan grytman fan Wymbritseradiel Duco Martena fan Burmania. Yn 1709 boaske er oan Amalia Henriëtte Wilhelmina du Tour (†1731) mei wa't er trije bern krige, ûnder oaren Willem en Onno Zwier.
Op 25 febrewaris 1698 waard Fan Haren grytman fan It Bilt, trochdat syn omke Willem fan Haren ôfstân fan dy funksje die. Hy wie ek ûntfanger-generaal fan It Bilt en yn 1716 - 1717 lid fan de admiraliteit yn Harns
Fan 1708 oant yn 1710 wie er lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân en yn 1711 en fan 1713 - 1716 ôffurdige foar Fryslân yn de Steaten-Generaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |