Adûllamtsjerke (Barneveld)
Adullamtsjerke
Adullamkerk | ||
Lokaasje | ||
Provinsje | Gelderlân | |
plak | Barneveld | |
adres | Ds. E. Fransenlaan 6 | |
koördinaten | 52° 7'N 5° 35' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Grifformearde Gemeenten yn Nederlân | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Van Beijnum Architecten, Amerongen | |
boujier | 2008 | |
Webside | ||
gergeminfo.nl | ||
Kaart | ||
De Adullamtsjerke (Adullamkerk) is in tsjerke fan de Grifformearde Gemeenten yn it Gelderske plak Barneveld. De yn 2008 neffens in ûntwerp fan Van Beijnum út Amerongen boude tsjerke biedt plak oan 1.375 minsken en leit tichteby De Hoeksteen, de tsjerke fan de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân dy't likernôch yn deselde tiid boud waard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen de groeiende mienskip fan de Grifformearde Gemeenten yn Barneveld waard yn 2002 besletten om de besteande gemeente op te dielen yn Barneveld-Sintrum en Barneveld-Súd. Foar de besteande gemeente yn it sintrum bleau de Rehobothtsjerke oan de Nairacstrjitte tsjinst dwaan, mar foar de twadde gemeente Barneveld-Súd moast in nije tsjerke boud wurde.
Yn septimber 2007 waard útein set mei it wurk en yn desimber 2008 waard de nijbou iepene. De Adûllamtsjerke krige 1375 sitplakken en dat tal kin mei noch ris 475 plakken útwreide wurde troch it ynbouwen fan in kreake. Nei de oerdracht fan it gebou oan de tsjerkeried spriek dûmny C. Hogchem út 1 Samuël 22:1 en 2 oer de grot fan Adûllam.[1]
Ein 2011 waard in nij oargel fan 34 registers yn gebrûk nommen, dat boud waard troch it Grinslanner oargelbedriuw Mense-Ruiter út Súdwolde (tsjintwurdich Ten Post).[2]
Twa megatsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op in lytse hûndert meter fan de Adûllamtsjerke stiet noch in twadde reformatoaryske tsjerke, De Hoeksteen fan de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân. De tsjerkegong nei beide tsjerken wie sa massaal, dat der opstoppings plak fûnen. Om ûngemakken tefoarren te kommen waard besletten de tsjinsten yn de beide nije tsjerken net tagelyk plakfine te litten.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|