Achatius fan Byzantium

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Achatius fan Byzantium
Christian cross.svg   hillige
Alterbyld yn de Marije-Himelfearttsjerke fan Kájov (Tsjechje)
Alterbyld yn de Marije-Himelfearttsjerke fan Kájov (Tsjechje)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ?
berteplak Kappadoasje
stjerdatum 303/304
stjerplak Byzantium
hillichferklearring
hjeldei 8 maaie
attributen tûke mei toarnen, krâns fan toarnen, swurd, striidbile, lâns
patroan fan Soldaten

Achatius fan Byzantium (berne yn Kappadoasje; ferstoarn yn 303/304 yn Byzantium) wie in soldaat en martler en wurdt rekkene ta de Fjirtjin Needhelpers. Hy wurdt regelmjittich betize mei Achatius fan Armeenje.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Achatius tsjinne as oanfierder yn it Romeinske leger en wie yn Traasje legere. Fanwegen syn kristlike leauwe waard er tamtearre, oan in peal bûn en gisele. Hy woe lykwols net om lyk jaan en waard dêrom nei Byzantium brocht, dêr't se fierder gyngen mei it tamtearjen. Lang om let waard Achatius ûnthalze (of krusige).

Yn it midden fan de 15e iuw waard Achatius yn it martyrologium fan Rome opnommen. Sûnt dy tiid heart er ta de Fjirtjin Hillige Needhelpers. Under de namme "Acato" wurdt Achatius yn Ávila en Cuenca (Spanje) fereare.

Neffens in leginde waard syn lichem yn in sarkofaach yn 'e see smiten, mar de sarkofaach woe net sinke. Yn stee dêrfan droegen de weagen de sarkofaach nei de wâl fan Kalaabrje en dêr waard er benammen yn Squillace fereare. Reliken fan Achatius lizze ek yn Hirsau Calw yn it Swarte Wâld en Weingarten yn Baden-Württemberg. Ek soene noch 10.000 soldaten harren ta it kristendom bekeard hawwe. Hja waarden allegear op de berch Ararat krusige.

Beskermhillige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Achatius fan Byzantium is beskermhillige fan de soldaten. Hy wurdt oanroppen by pine yn 'e holle, eangstme yn de deadsstriid, by útsichtleaze sitewaasjes en by twifel.

Attributen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hillige is yn 'e regel te werkennen oan in tûke mei toarnen of in krâns fan toarnen, mar ek draacht er in swurd, striidbile of in lâns.

Feestdei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 8 maaie: Roomsk-Katolike Tsjerke
  • 7 maaie en 21 july: Otterdokse Tsjerken
  • 6 maaie: Armeenske Tsjerke

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.