Springe nei ynhâld

Abraham Salm

Ut Wikipedy
Abraham Salm G.Bzn.
Hynstetremremize Amstelveenseweg 134 (1883/84). No in Onafhankelijk Cultureel Centrum In It.
De Vereeniging, Hilfertsom

Abraham Salm (Amsterdam, 26 maart 1857 - Amsterdam, 13 juny 1915) wie in Nederlânsk arsjitekt. Krekt as syn heit G.B. Salm wie er spesjalisearre yn de utiliteitsbou.

Nei de Hegere Boargerskoalle wie Salm in skoft assistint fan syn heit. Yn juny 1877 ferfear er nei Swol om by de arsjitekt J.G.J. van Roosmalen fierder te learen. Al yn april 1878 giet er nei Parys, dêr't er by Émile Vaudremer oan 't wurk giet. Tegearre mei syn heit sjocht er de wrâldtentoanstelling yn Parys. Yn desimber 1880 giet Salm werom nei Nederlân en set him nei wenjen yn Amsterdam. Oant likernôch 1894 arbeidet er meast mei syn heit, dêrnei begûn er foar himsels. Yn syn lettere libben wie Salm in foaroansteand persoan yn de Maatskippij ta Befoardering fan de Boukeunst; fan 1898 oant 1912 wie er foarsitter.

Salm wie Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau en Ridder yn de Oarder fan St. Anna fan Ruslân. Hy leit op it Easterbegraafplak yn Amsterdam.

  • 1877-1878: Fjoertoer (priisfraachontwerp, net útfierd)
  • 1879-1880: Artis-akwarium, Amsterdam (mei heit G.B. Salm)
  • 1888: Keizersgrêfttsjerke, Amsterdam (mei heit G.B. Salm)
  • 1890-1892: Filla Stollenberg, Beek-Ubbergen (allinne it privee tramhûs bestiet noch)
  • 1894-1894: Filla Heresingel 13, Grins
  • 1897-1901: Filla Casparus, Weesp
  • 1897-1897: Filla "Ma Retraite" (Utrechtseweg 67), Zeist
  • 1902-1904: Easterparktsjerke, Amsterdam