Springe nei ynhâld

Abraham van den Tempel

Ut Wikipedy
Portret fan in frou, troch Abraham Lamberts van den Tempel
De Stêd Leien ûntfangt de Lekkenniverheid

Abraham Lamberts van den Tempel (Ljouwert, ± 1622 - Amsterdam, 8 oktober 1672) wie in Nederlânske keunstskilder fan portretten, allegoryen en Bibelske foarstellings.

Abraham wie de soan fan Lambert Jacobs, in skilder dy't him fanút Amsterdam yn Ljouwert fêstige hie as ûndernimmer en keunsthanneler en foargonger by de menisten. Nei de dea fan syn heit yn 1636 gie Abraham nei Amsterdam. Tegearre mei syn broer fêstige hy him as lekkenhanneler.

Hy krige syn oplieding mei Jan van Noordt en Jan de Baen by Jacob Backer. Nei fjouwer jier gie hy nei Leien. Dêr wenne hy yn in pân mei in timpel yn de gevel en troude yn 1647.

Op 10 maart 1648 rjochte hy it Leiense Sint Lukasgilde op, yn de mande mei Gabriel Metsu, Jan Steen, Joris van Schooten, David Bailly en Pieter de Ring. Hy skildere trije wurken foar de Leienske Lekkenhal.

Syn learlingen wiene Frans van Mieris, Michiel van Musscher, Carel de Moor en Ary de Vois. By syn ynskriuwing as studint wiskunde oan de Universiteit fan Leien op 7 febrewaris 1653 sei hy 30 jier âld te wêzen. Van den Tempel wie haadman en deken fan it gilde, mar yn 1660 wie hy werom yn Amsterdam en konkurrearre mei Bartholomeus van der Helst.

As keunstkenner waard hy ynskeakele by it beoardielen fan 35 Italjaanske skilderijen dy't troch Gerrit Uylenburgh ferkocht wiene oan Frederik Willem fan Brandenburg, de karfoarst fan Brandenburg.

Yn de Eineksamens Havo en VWO 2011 stie in fraach dêr't it skilderij "De Stêd Leien ûntfangt de Lekkenniverheid" sintraal yn stie. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Eksamen HAVO 2011 Tiidrek 1; Opjeften, fraach 5; Boarneboekje: boarne 1