Pieter de Ring
Pieter de Ring (Ieper?, 1615-1620 – Leien, 22 septimber 1660) wie in keunstskilder fan stillibbens.
Hy waard wierskynlik berne yn Ieper, mar de argiven fan dy stêd binne yn augustus 1914, yn de Earste Wrâldkriich ferlern gien. De famylje(?) is nei Leiden ferhûze lykas in protte Flaamske tekstylwurkers yn dy tiid en Pieter waard healwei de 17e iuw lid fan it Sint Lukasgilde. Hy hearde ta de oprjochters lykas ek Gabriel Metsu en Jan Steen. Fermoedlik is er syn karriêre begûn as graveur, mar De Ring waard ferneamd fanwege syn rike stillibbens, of banketstikken mei fruit, kreeften, grenaten, oesters, kleedsjes en Sineesk porslein. Faak ûndertekene er mei in ring of syn latinisearre namme, P.Ab.Annulo.
Pieter de Ring is noait troud yn Leien, hat gjin hûs kocht, en gjin testamint neilitten. It is wis dat er begroeven is fanút de Nonnestege wei, neist it Akademygebou yn Leien. Syn famyljeleden arbeiden allegearre yn de lekkenyndustry. Dat er sa goed kleden skilderje koe hat dêrmei te krijen. Syn wurk ferriedt de ynfloed fan Willem Claesz. Heda. Der wurdt ek wol tocht dat er in learling west hat fan Jan Davidsz. de Heem.