Abraham Fock
Abraham Fock (Amsterdam, 2 augustus 1793 – dêre, 24 septimber 1858) wie presidint fan De Nederlandsche Bank (DNB) dy't yn 1814 oprjochte waard.
Fock wie in soan fan de eardere DNB-topman Jacob Fock. Hy beklaaide it presidintskip fan DNB fan 1844 oant 1858. Hy wie de lêste presidint dy't fuortkaam út de Amsterdamske finansjele elite.
Hy late de Nederlânske Bank yn in tiid fan herfoarmingen, sanearring fan it muntjild, ynfiering fan de sulveren standert, heakjende ekonomyske groei en in dreech 'Den Haach'. Fock seach de ekonomy oan de ein fan syn presidintwêzen oplibjen nei jierren fan stagnaasje.
Fock wie teffens meioprjochter fan de Koninklijke Noord- en Zuid-Hollandsche Redding Maatschappij. It Maritym Sintrum Abraham Fock yn Hollum op It Amelân waard nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|