Abdij fan Jumièges

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Abdij fan Jumièges

Abbaye de Jumièges

Abbaye de Jumièges by quadcopter -0096.jpg
lokaasje
lân Flag of France.svg Frankryk
regio Flag of Normandie.svg Normandje
departemint Proposed flag for Seine-Maritime.svg Seine-Maritime
plak Jumièges
bysûnderheden
type bouwurk Abdij
boustyl Anglo-Normandyske arsjitektuer
monumintale status Logo monument historique - 2017.png Histoarysk monumint
Webside
Offisjele side fan de abdij

De Abdij fan Jumièges (Frânsk: Abbaye de Jumièges, Latyn: Monasterium Gemeticensis) yn Jumièges yn it departemint Seine-Maritime wie eartiids in benediktynske abdij en oant de godstsjinstkrigen ien fan de grutste kleasters fan Frankryk. Dielen fan de abdij foarmje tsjintwurdich in yndrukwekkend ruïnekompleks, dat foar it publyk tagongklik makke is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wapen fan de abdij

De abdij ûntstie yn de 7e iuw as stifting fan de hillige Filibert (berne yn 617 of 618 yn Eause (departemint Gers); ferstoarn op 20 augustus 684 yn Noirmoutier), dy ek abdijen yn Noirmoutier en Montivilliers stifte. De grûn foar de abdij yn in luts fan de Seine waard skonken troch Klovis II en syn frou. It kleaster soe útgroeie ta in machtige abdij mei besittings fan de Skelde oant de Loire. Nei de dea fan Fililbert telde de abdij om it jier 700 hinne al 900 muontsen.

Ferneatiging troch Wytsings en weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 24 maaie 841 baarnden Wytsings it kleaster of. De Skandinavyske driging makke dat de muontsen flechten, fral nei de priorij fan Haspres. De measte reliken en manuskripten waarden meinommen. Ien fan de muontsen flechte nei Sankt Gallen en in troch him meinommen antifonarium ynspirearre Notker de Stammerder ta it skriuwen fan syn sekwenzen.

De weropbou fan it kleaster folge op oantrún fan hartoch Willem I fan Normandje troch muontsen fan de abdij Saint-Cyprien fan Poitiers. De moard op de hartoch yn 942 makke ynearsten in ein oan de weropbou, mar de muontsen bleaune op harren plak tusken de ruïnes wenjen. Wat letter, tsjin it ein fan de 10e iuw, ûntstie der wer in kleaster op beskieden skaal.

Ynmitsele kapiteel mei fûgel
Wurk út it skritoarium fan Jumièges

Tusken 1040 en 1052 liet abt Robert Champart it kleaster op grutte skaal wer opbouwe. Op 1 july 1067 waard de abdijtsjerke troch de aartsbiskop fan Rouen yn bywêzigens fan Willem de Oermasterer ynwijd. Nei de integraasje fan Normandje yn it keninkryk Frankryk waard it romaanske koer fan de grutte abdijtsjerke ferfongen yn it goatysk koer (1267–1278). Dat wie net lykas lang tocht waard om in koeromgong te meitsjen, want opgravings ûnder lieding fan Georges Lanfry lieten sjen dat it romaanske koer al in omgong hie. Yn dy tiid wie de kleastsermienskip tige aktyf; sa wie it skriptoarium tige produktyf en de helte fan de 400 manuskripten fan de bibleteek datearre út dy tiid. De abten fan Jumièges namen diel oan alle grutte saken fan Tsjerke en Steat en de abdij levere biskoppen en kardinalen. Ien fan har, Robert Champart, waard yn 1051 aartsbiskop fan Canterbury, nei't er al biskop fan Londen west hie. De abdij wie in sintrum fan religy en wittenskip en hie in skoalle dy't, njonken in soad oare gelearden, de nasjonale histoarikus Willem fan Jumièges opliede. Om en de by de 11e iuw wie Jumièges op syn hichtepunt en it model foar alle kleasters yn de regio. Jumièges stie ek bekend fanwegen syn goederjouskens en waard yn de folksmûle "Jumièges l'Aumônier" neamd.

Abt Nicolas Le Roux spile mei de kardinaal fan Winchester, de biskoppen fan Beauvais, Thérouanne, Noyon en Norwich en oare abten yn 1431 in rol by de feroardieling fan Jeanne d'Arc. De man stie bekend as from en tawijd en syn miening oer de skuld fan de jongfaam ferriede ek syn soargen oer syn gewisse. Hy fûn it in drege saak, in tam arduo negotio en fral syn benaudens foar de Ingelske macht en de autoriteit fan de doktoren fan de Universiteit fan Parys, wa harren advizen hy by komplekse saken opfolgje moast, spilen by syn hanneljen in rol.

Godstsjinstkrigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gravuere fan de abdij út 1678

De abdij hie te lijen fan de Ingelske ynvaazje yn de 15e iuw, mar ophelpen en nije wolfeart folge. Dat gyng troch oant hugenoaten de hiele provinsje yn in djippe krisis stoartten. De hugenoaten hiene fan Rouen, Dieppe, Le Havre en Caudebec al in ravaazje makke. De muontsen, dy't al heard hiene fan it geweld yn Caudebec, ferlieten allegear it kleaster. Op 8 maaie 1562 ferlieten de protestanten Caudebec om op te tsjen nei Jumièges. Hja krongen de abdij yn en fernielden alles dat hja koene. De alters waarden omsmiten, de skilderijen stikken skuord en reliken yn it fjoer smiten. Skrinen, hillich reau, ornaminten, meubilêr, liturgysk tekstyl, alles waard ferneatige of meinommen, tin, koper en lead fan en út de tsjerke en toer ferwidere. De provisykasten waarden plondere en sels de keunstsinnige boeken fan de rike bibleteek en argiven waarden slachtoffer fan de wylde mannichte.

De Us-Leaffrouwetsjerke fanút it koer

Op 28 july 1563 gyngen Catherine de Medici en de jonge kening Karel IX sels nei Jumièges om de skea fan de ramp op te nimmen. De kroan joech de muontsen tastimming om lân te ferkeapjen, sadat hja yn harren behoeften foarsjen koene. Mar sântjin muontsen kearden werom nei de abdij om de ferneatige abdij wer wat op te laapjen. Dat wie de tiid fan de romantyk en Victor Hugo, dy't oer de moaiste ruíne fan Frankryk skreau, soarge der foar dat de abdij yn it hiele lân bekend waard.

Yn 1649 waard Jumièges oernommen troch de Kongregaasje fan Mauristen. Op 'e nij bloeide de abdij op. Yn 1663 waard de bibleteek, sûnt de 14e iuw boppe it portaal fan de 10e-iuwske Sint-Pitertsjerke (Église Saint-Pierre), wer opboud boppe de sellen fan de muontsen en yn 1671 waard fierder wurken oan in nij hûs foar de abt, folge troch in grut dormitoarium yn 1732. Mar de abdij helle it net mear by de gloarje fan foarhinne.

Frânske Revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferrinnewearre abdijtsjerke nei de Frânske Revolúsje

De Frânske Revolúsje wie fataal en makke in ein oan it bestean fan de abdijmienskip. It tal muontsen stie yn dy tiid noch mar op achttjin. De réaksjes fan de muontsen wiene ferskillend. Guon akseptearren sûnder skamte "it oanbod fan de Assemblée om harren keatlings te ferbrekken" en der wie ek in muonts dy't ferklearre: "it is en sil foar altiten foar de minsklike rede ûnbegryplik bliuwe dat in Assemblée fan stjerlings harren meiminsken tinke te ferlossen fan in plechtige en frije eed, dy't hja oan de Unstjerlike ôflein ha".

Plattegrûn

De abdij waard as nasjonaal eigendom ferkocht en de earste eigner Pierre Lescuyer begûn fuortendaliks mei de sloop fan de 16e-iuwske kleastergong en it 18e-iuwske dormitoarium. De twadde eigner, de houthanneler Jean-Baptiste Lefort, blaasde yn 1802 it koer op. De tsjerke tsjinne lykas oare kleastergebouwen oant 1824 as stiengroeve. Fresko's ferdwûnen troch de eleminten en fan de tomben fan de abten binne allinne tekenings fan oerbleaun.

Boargemaster Nicolas Casimir Caumont die sûnt 1830 alle war om de gebouwen te behâlden. Nei syn dea kocht de famylje Lepel-Cointe yn 1852 de ruïne, dy't fuort begûn mei it behâld fan it kompleks. De abdijtsjerke fan Us-Leaffrou mei de twillingtuorren en de yntakte gevel en dielen fan de bibleteek (werfan't de boeken nei Rouen brocht waarden doe't de abdij opheft waard) binne de meast yndrukwekkende ruïnes.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it eardere gebiet fan de abdij steane de ruïnen fan twa tsjerken: de Sint-Piter en Us Leaffrou (Saint Pierre en Notre-Dame). De twa tsjerken wurde troch in 12e-iuwske kapittelseal fan inoar skieden. De âldste en lytsere tsjerke is de Sint-Piter. De tsjerke waard al boud foar de romaanske tiid en oant de letgoatyske tiid fûnen der ferbouwings plak. Fan de 10e-iuwske Sint-Piter bleau de westlike gevel, en dielen fan de galerijen fan it tsjerkeskip bewarre. De goatyske ferbouwing út de 14e iuw is allinne noch op de grûn te werkennen.

De abdijtsjerke is wijd oan Us-Leaffrou en stie model foar de Normandyske boukeunst. Yn 1795 waard al útein set mei de ôfbraak fan de daken. Yn 1802 liet in twadde eigner it koer fan de Us-Leaffrouwetsjerke opblaze. Fierder bleaune de gevel, de twa tuorren en it westlike diel fan de klokketoer fan de abdijtsjerke bewarre. Fan it transept bleaune muorredielen bewarre. De tsjerke wie 88 metre lang, 25 mter heech en de tuorren binne 46 meter heech.

De letgoatyske kleastergong is foar in diel bewarre bleaun. Ien fleugel waard kocht troch de Ingelske lord Stuart de Rothesay, dy't it opboude yn Highcliffe Castle by Bournemouth, Dorset. Midden yn de kleastergong stiet in 500 jier âlde taksus.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.