Springe nei ynhâld

Michael (aartsingel)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aartsingel Michaël)
Guido Reni's ympresje fan aartsingel Michael (skildere yn Rome).

De Hillige aartsingel Michael wurdt beskreaun yn it boek Daniël fan it âlde testamint as de foarnaamste fan de hearskers en beskermer fan it fromme Israel. Tegearre mei de aartsingel Gabriël ferklearret hy oan Daniël it profetyske byld dat er sjoen hat. Yn it nije testamint stried hy tegearre mei de duvel om it lyk fan Moazes. Yn Judas 9 stiet dan ek: “Mar Michael, doarde, doe't hy mei de duvel oan it fjochtsjen wie om it lichem fan Moazes, gjin oardiel út te sprekken, dochs sei hy: De Heare straffe jo”.

In útlis is dat troch de oerwinning fan Jezus op de dea, it kwea net langer baas is yn de wrâld, mar wol op ierde bestean bliuwe sil as fijân fan al dy minsken dy’t Gods wil net opfolgje wolle. Yn it boek de Iepenbieringen fan Jehannes fiert Michael kriich tsjin de draak. Der stiet skreaun: “En der kaam kriich yn de himel. Michael en syn ingels hienen oarloch mei de draak, mar hy koe gjin stân hâlde, en harren plak wurdt yn de himel net mear fûn”. Hy is de oanfierder fan de ingels, de oerwinner fan de boaze machten, de beskermhear fan de kristenen. Yn it lettere folksleauwen is hy de begelieder fan de sielen dy’t stoarn binne op harren wei nei de Himel.

In soad tsjerken binne wijd oan de aartsingel. Ferneamd is de tsjerke de Mont Saint-Michel yn Normandje. De Paus Greogorius I ferneamde de Ingeleburcht nei him. Dat wie omdat de aartsingel him by in pestepidemy oan de paus sjen litten hie, fleanend yn de loft mei in brânend swurd. De aartsingel joech syn namme oan de Frânske oarder fan de hillige Michael, en de britske oarder fan Sint Michael Sint Joaris en de Beierske húsridderoarder fan de hillige Michael.

Michael is de beskermhillige fan de wapendragers, en fanwege syn (waach)skeal ek dy fan de bakkers, de waachmasters, aptekers, artysten, bankiers, de stjerrenden, de winkellju, de paramedysken, de siken, de earmen, de swurdsmidden, de ruters, de soldaten, de plysjemannen, de huoddemakkers, de blik- en tinjitters, de weinmakkers, de radiomeganisy, de snijers, de glêzemakkers en de skilders.

Hy is ek de patroanhillige fan Harns, Emmeloard, Brussel, Brecht, Bree, Keerbergen, Kornwall, Dormagen, Dútslân, Zeitz, Swol, Umbrië, Pontassieve, Papoea Nij-Guinea, Puebla de Zaragoza, Šibenik, it bisdom San Angelo, San Miguel de Allende, Tegucigalpa, it aartbisdom Seattle en it bisdom Springfield.

Hy wurdt oanroppen foar in goeie dea en tsjin bliksem en tonger.

De feestdei fan aartsingel Michael is op 29 septimber. Yn Rome wurdt op 8 maaie de ferskining oan paus Gregorius fierd.

Yn de keunst wurdt Michael yn de Byzantynske tiid ôfbylde klaaid yn in klamys fan it keizerlike hôf.

Michael oermasteret de duvel