Springe nei ynhâld

Frâns Ferdinand fan Eastenryk

Ut Wikipedy
Frans Ferdinand (1905)
Aartshartoch Frâns Ferdinand (rjochts) mei famylje

Frâns Ferdinand (Dútsk: Franz Ferdinand) (Graz, 18 july 1863Sarajevo, 28 juny 1914), aartshartoch fan Eastenryk-Este, wie kroanprins fan Eastenryk.

Frâns Ferdinand wie de soan fan aartshartoch Karel Loadewyk fan Eastenryk en Maria Annunciata fan Bourbon-Sisylje. Hy wie in neef fan keizer Frâns Joazef en waard nei de selsmoard fan kroanprins Rudolf en nei de dea fan syn heit troanopfolger fan Eastenryk-Hongarije. Hy wie in kâld, hurd en despoatysk man. Hy glimke hast net, hie in typyske kâlde stoarjende blik en rûn oerdreaun eptich.

Hy samle antyk en hie in roazetún. Syn grutste leafhawwerij wie lykwols de jacht. Op jacht mei de Dútske keizer Wilhelm II skeat hy ris 59 swinen en wie dûm dat de sechtichste him ûntkomd wie. Syn rol by de jacht wie benammen it oerheljen fan de trekker út in stoel wei. Personiel dreau de bisten by him foarby, wylst oaren de kadavers ôffierden en wer oaren laden gewearen oanrikten. Yn it jachtslot Konopište by Benešov yn Tsjechje, dêr't hy in grut part fan syn libben tahâlde, binne op de muorren fan in soad fertrekken nog altiten tûzenen krekt dokumintearre jachttrofeeën fan oer de heule wrâld te sjen. Dêrûnder ek de opsette kop fan it earste bist dat syn dochter skeat, doe't hja twa jier wie.

Frâns Ferdinand boaske op 1 july 1900 ûnder syn stân mei grevinne Sofie Chotek. De keizerlike famylje stie it houlik pas ta neidat oerienkomd wie dat Sofie gjin keninklike status krije soe en eventuele bern gjin oanspraak op de troan meitsje soene (in morganatysk houlik). Frâns Joazef wie net by it houlik.

Op 28 juny 1914 waard hy yn Sarajevo (Bosnje en Herzegovina) mei in FN Model 1910-pistoal deasketten troch Gavrilo Princip, wylst hy in rûnrit makke yn in Gräf & Stift (sjoch ek: moard op Frâns Ferdinand). De oanslach wie nei alle gedachten beraamd troch De Swarte Hân, in geheime nasjonalistyske Servyske groepearring. 28 juny is as tinkdei fan de Slach op it Merelfjild in spesjale dei foar de Súd-Slaven. Nei oanlieding fan dizze moard ferklearre Eastenryk de oarloch oan Servje. Dizze barrens waarden brûkt as oanlieding ta de Earste Wrâldoarloch, al leine de oarsaken dêrfan earne oars.

Frâns Ferdinand en Sofie krigen trije bern:

Foarâlden fan Frâns Ferdinand fan Eastenryk
Oerpakes en oerbeppes Frâns II fan it Hillige Roomske Ryk
(1768-1835)
∞ 1790
Marije Teresia fan Boerbon-Sisylje (1772-1807)
Maksimiliaan I Joazef fan Beieren (1756–1825)
∞ 1797
Karoline fan Baden
(1776-1841)
Frâns I fan de Beide Sisyljes
(1777–1830)
∞ 1802
Marije Isabella fan Boerbon (1789-1848)
Karel fan Eastenryk-Teschen
(1771-1847)
∞ 1815
Henriëtte fan Nassau-Weilburg (1797-1829)
Pakes en beppes Frâns Karel fan Eastenryk (1802-1878)
∞ 1824
Sofy fan Beieren (1805-1872)
Ferdinand II fan de Beide Sisyljes (1810–1859)
∞ 1815
Teresia fan Eastenryk (1816-1867)
Alden Karel Lodewyk fan Eastenryk (1833-1896)

Marije Annunsiata fan Boerbon-Sisylje (1843-1871)
'Frâns Ferdinand fan Eastenryk (1863-1914)'
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Archduke Franz Ferdinand of Austria fan Wikimedia Commons.