Springe nei ynhâld

Ljipaaisykjen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aaisiker)
In broed ljipaaien

Ljipaaisykjen, meast koartsein aaisykjen neamd, is it sykjen fan aaien fan fûgels yn it iepen fjild. It wurdt meast yn Fryslân dien. By it aaisykjen wurdt benammen sjoen nei it hâlden en dragen fan de mantsje-(âldhij) en wyfkeljip. Kenners kinne dêroan sjen oft it in 'kânske' is of net. De baltsflecht fan de ljip en syn baltsrop binne foar in soad minsken op it plattelân in teken dat de maitiid kommendewei is. It aaisykjen is keppele oan de neisoarch. Dy soarch hâldt yn der der in stokje by it nêst setten wurdt, sadat bygelyks in boer by it meanen it nêst net plat rydt.

Njoggen april wurdt de slutingsdatum neamd. De ljip is de earste greidefûgel dy't ta aailizzen komt. Sa heal maart kin it earste aai ferwachte wurde. It is yn Fryslân wenst dat it earste ljipaai oan de Kommissaris fan de Keninginne oanbean wurdt. De finer krijt dan de Sulveren Ljip, in eareteken dat troch it Provinsjaal Bestjoer beskikber steld wurdt. Ek alle boargemasters fan Fryslân krije in "earste ljipaai".

Wa't yn Fryslân aaisykje wol moat in aaisikerskaart/neisoarchpas hawwe. Om dy te krijen moat oan it oantal betingsten foldien wurde:

  • men moat lid wêze fan in pleatslike Fûgelwacht dy't oansluten is by de BFVW.
  • de pleatselijke fûgelwacht beslút oft immen wol/mnet in pas krijt. Men is nammentlik ferplicht om nei de slutingsdatum fan it aaisykjen, uterlik 9 april, oan neisoarch te dwaan.
  • Oant en mei 11 jier is de pas net ferplicht.
  • Per seizoen meie net mear as 15 ljipaaien troch de hâlder fan in aaisikerskaart / neisoarchpas meinomd wurde.

De pleatslike fûgelwacht is frij yn syn beslissing om in oanfraach al as net te ferlienen.

Spulregels by it finen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. De fynder/fynster is jonger as 13 jier.
  2. It finen bart folslein selsstannich.
  3. It stee en it tiidstip bepale en sa gau as mooglik melde by de pleatslike fûgelwacht.
  4. Fansels jilde ek de bepalings lyk as by it 1ste Fryske ljipaai. (In aaisikers-/neisoarchkaart is net nedich foar bern oant en mei 12 jier).
  5. De oanmelding fan it 1ste ljipaai rint fia de pleatslike fûgelwacht nei it HB BFVW dy't in ôfspraak makket mei it Provinsjehûs.

It Sulveren Polske

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sulveren Polske is de priis foar dy jonge of dat famke oant en mei 12 jier dy't as earste yn Fryslân in ljipaai fynt. Doel fan dizze priis is te stimulearjen dat bern it fjild yn gean, de natoer kennen leare en goede neisoargers wurde.

De BFVW (Bond van Friese Vogelbeschermings Wachten) is al langer aktyf de jeugd mear by de natoer te belûken. Sa binne d'r ferskate fûgelwachters oplieden ta jeugdbegelieder, komme jeugdfûgelwachten fan de grûn en binne der, yn gearwurking mei de Provinsje, alve leskisten "greidfûgels" beskikber om te brûken op skoallen. En sa wurdt no in jierlikse priis ynsteld foar it earste (jeugd) ljipaai.

It Sulveren Polske is makke nei in ûntwerp fan sulversmid Jan Soeten silger fan Twellingea troch juwelier Luehof te Snits. "It Polske stiet klear yn 'e feart en nûget út it frije Fryske fjild yn te gean!" Aaisykjen en pols heare byelkoar: ljeppend efter de ljip oan! It Frysk Ljeppers Bûn, dat al jierren 'De Sulveren Pols' útrikt oan de bêste Fryske fierljepper, hat witte litten dat se mei de namme ynstimme en dat se foar de jeugdige priiswinner noch in ferrassing yn de pet hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: