A. Leslie Scott
A. Leslie Scott | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Bradford Scott, Jackson Cole | |
echte namme | Alexander Leslie Scott | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 15 jannewaris 1893 | |
berteplak | Lewisburg (West-Firginia) | |
stoarn | 1974 | |
stjerplak | ? (Feriene Steaten) | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | westerns | |
bekendste wurk(en) |
Walt Slade-rige Jim Hatfield-rige | |
útjouwer | Pyramid Books | |
jierren aktyf | 1939 – 1974 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
A. Leslie Scott (folút: Alexander Leslie Scott; Lewisburg (West-Firginia), 15 jannewaris 1893 – 1974) wie in Amerikaansk skriuwer fan westerns. Hoewol't er leard hie foar yngenieur, lei er him al rillegau ta op it skriuwen fan koarte ferhalen en romans, wêrby't er in grut oeuvre opboude. Foar syn wurk griep Scott gauris werom op syn eigen ûnderfinings yn it Amerikaanske Westen. Hy wie de geastlike heit fan 'e personaazjes Jim Hatfield en Walt Slade, dy't tige populêr waarden. Syn boeken ferskynden almeast ûnder de pseudonimen Bradford Scott en Jackson Cole.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Scott waard yn 1893 berne yn Lewisburg, yn 'e steat West-Firginia, en wie fan Skotsk komôf. Hy studearre mynbou en boukunde, en wie neitiid yn it Wylde Westen (dat doe al lang sa wyld net mear wie as dat it wol west hie) wurksum as yngenieur. In protte fan syn fertellings hawwe sadwaande as ûnderwerp (of neame sydlings) de eksploitaasje fan grûnstofen, lykas goud en ierdoalje.
Omtrint 1914 joech Scott him in hoart by de Meksikaanske rebellelieder Pancho Villa, en it wie yn dy tiid dat er him it omgean mei fjoerwapens eigen makke. Letter sleat er him oan by it Frânske Frjemdlingelegioen, en as lezjonêr focht er mei yn 'e Earste Wrâldoarloch. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, yn 1919, wied er opklommen ta de rang fan kaptein. Tusken 1920 en 1930 wie Scott wer as yngenieur wurksum, wylst er yn syn frije tiid úteinsette mei skriuwen, earst fan gedichten, mar letter fan romans. Omtrint 1930 joech er syn baan deroan, ferfear nei New York, en makke fan it skriuwerskip syn berop.
Yn 1936 skoep Scott it personaazje Jim Hatfield, in Texas Ranger dy't it tsjin alderhanne kriminelen en oar rapalje opnaam. (Hatfield wie de famkesnamme fan Scott syn mem.) Nei sân koarte ferhalen ferskynde yn 1937 de earste roman út 'e Jim Hatfield-rige, mei as titel Terror Stalks the Border. By it betinken fan 'e plots griep Scott faak werom op syn eigen ûnderfinings. Syn 55 koarte ferhalen en romans oer Hatfield ferskynden ûnder it kollektive pseudonym Jackson Cole, dat ek troch oare skriuwers fan 'e útjouwerij Standard Magazines brûkt waard. Ein jierren fjirtich resultearre in skeel mei de útjouwer deryn dat Scott de rjochten op it personaazje fan Jim Hatfield ferlear.
Sadwaande skoep Scott in nij personaazje, Walt Slade, dat krektlyk in Texas Ranger wie. (Feitliks wie der behalven de namme net folle ferskil tusken Hatfield en Slade.) Nei't er oer syn nije held in rige ferhalen skreaun hie, kaam yn 1956 by útjouwerij Pyramid Books de earste roman yn 'e Walt Slade-rige út, The Avenger. Neitiid soene teminsten noch 79 oare romans folgje. Scott wie in flugge skriuwer, dy't soms wol njoggen ûnderskate romans yn in jier publisearre. Yn totaal soed er yn syn libben likernôch 250 ferskillende romans skriuwe. Hy ferstoar yn 1974. Syn soan Justin Scott is ek skriuwer.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](in ûnfolsleine opsomming; wol binne alle Nederlânske oersettings opnommen dy't de Keninklike Bibleteek yn De Haach yn syn katalogus hat)
- ûnder it pseudonym Jackson Cole
- Jim Hatfield-rige
- 1937 – Terror Stalks the Border
- 1939 – Lone Star Law
- 1939 – Lone Star Silver
- 1940 – Lone Star Legion
- 1945 – Guns of Vengeance
- 1948 – The Tomstone Trail
- Nederlânske oersetting: De Weg naar Tombstone (fert. Louis Knuvelder, 1961)
- op harsels steande romans
- 1939 – Outlawed
- 1944 – The Outlaws of Caja Basin
- ûnder it pseudonym Bradford Scott
- Walt Slade-rige
- 1956 – The Avenger
- 1956 – Badlands Boss
- 1956 – Canyon Killers
- 1956 – Gunsmoke Over Texas
- 1956 – Trigger Talk
- 1957 – Curse of Texas Gold
- 1957 – Rimrock Raiders
- 1959 – The Blaze of Guns
- 1959 – Shootin' Man
- 1959 – Texas Vengeance
- 1960 – Lone Star Rider
- 1961 – The Desert Killers
- 1961 – Gunsmoke on the Rio Grande
- 1961 – Skeleton Trail
- 1961 – Smugglers' Brand
- 1962 – Gunsight Showdown
- 1962 – The Masked Riders
- 1962 – Texas Devil
- 1962 – Texas Rider
- 1962 – Trail of Blood and Bones
- 1963 – Bullets for a Ranger
- 1963 – Gun Justice
- 1963 – Gundown!
- 1963 – Gunsmoke Talk
- 1963 – Killer's Doom
- 1963 – Outlaw Gold
- 1963 – Outlaw Land
- 1963 – Ranger's Revenge
- 1963 – The Rattlesnake Bandit
- 1963 – Rustlers' Guns
- 1964 – Dead At Sunset
- 1964 – Death Calls the Turn
- 1964 – The Ghost Trail
- 1964 – Guns for Hire
- 1964 – Horseman of the Shadows
- 1964 – The Range Ghost (alternative titel: The Range Terror)
- 1964 – Showdown at Skull Canyon
- 1964 – Trail of Guns and Gold
- 1964 – Trails of Steel
- 1965 – Border Vengeance
- 1965 – Death in the Saddle
- 1965 – Dead in Texas (alternative titel: Gunslick)
- 1966 – Texas Badman
- 1967 – Bullet Brand
- 1967 – Curse of Dead Man's Trail
- 1967 – Death on the Rimrock
- 1967 – Death's Harvest
- 1967 – Hot Lead and Cold Nerve
- 1967 – Rider of the Mesquite Trail
- 1967 – The Sidewinder
- 1967 – Texas Death
- 1967 – Thunder Trail
- 1968 – Boom Town
- 1968 – The Border Terror
- 1968 – Border War
- 1968 – Death's Tally
- 1968 – Hard Rock Showdown
- 1968 – Haunted Valley
- 1968 – Lead and Flame
- 1968 – Outlaw Round-up
- 1968 – The River Raiders
- 1968 – Sixguns in a Bloody Dawn
- 1968 – The Sky Riders
- 1969 – Curse of the Dead Man's Gold
- 1969 – Date with Death
- 1969 – Devil from Blazing Hill
- 1969 – Laredo on the Rio Grande
- 1969 – Mountain Raiders
- 1969 – Pecos Law
- 1969 – Six Gun Fury
- 1969 – Sixgun Doom
- 1969 – Trail of Empire
- 1970 – Death to the Ranger!
- 1970 – Ranger's Roundup
- 1970 – Red Road of Vengeance
- 1971 – Ranger Daring
- 1971 – The Ranger Wins
- 1972 – A Ranger Rides the Death Trail
- 1973 – Four Must Die
- op harsels steande romans
- 1942 – The Cowpuncher
- 1945 – The Range Rider
- 1946 – Desert Gold
- 1947 – Gold for the Dead
- 1949 – The Whip
- 1951 – Walters of the Flying W
- 1953 – Silver City
- 1954 – The Trail of the Yuma Kid
- 1956 – The Texas Terror
- 1957 – Death Canyon
- 1957 – The Texas Hawk
- 1959 – Gun Law
- 1960 – Ambush Trail
- 1960 – The Pecos Trail
- 1960 – Rustler's Range
- 1960 – Valley of Hunted Men
- 1961 – Rangeland Guns
- 1961 – Rangers At Bay
- 1962 – Death Rides the Rio Grande
- 1962 – Doom Trail
- 1962 – Guns of Bang Town
- 1963 – Death's Corral
- 1964 – Raiders of the Rio Grande
- 1965 – Bullets Over the Border
- 1965 – Thundering Guns
- 1965 – Wasteland Rider
- 1965 – West of Laredo
- 1967 – Maverick Showdown
- 1969 – Blood on the Moon
- 1969 – Bullet Justice
- 1969 – Hands Up!
- 1969 – Sixgun Talk
- 1969 – Texas Blood
- 1970 – Death Whispers
- 1970 – Reach for Gold
- 1971 – Savage Gunlaw
- ûnder de namme fan A. Leslie Scott
- 1955 – The Texan
- 1959 – Boothill Town
- 1964 – Black Bonanza
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |