Springe nei ynhâld

Register van de Aanbreng

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 jun 2020 om 17.48 troch Drewes (oerlis | bydragen) (+ kou)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Register van de(n) Aanbreng of Staat van Aanbreng wie in ynventarisaasje, oanlein yn 1511 en 1514, fan alle belestingplichtige huzen en grûn mei de nammen fan de eigners en brûkers yn Fryslân. It wie de grûnslach foar de floreenrinte, doe noch in aparte ferheging fan de saneamde jiertaks. It joech de soarte fan ynformaasje dy't letter ek yn it kadaster opnaam waard, mei de hierwearde fan de grûn.

Itselde systeem is brûkt oant de Frânske tiid. It register waard yn 1880 yn fjouwer dielen printe fanwege it Frysk Genoatskip, besoarge troch Wiardus Willem Buma, en yn 1942 - 1954 yn fiif dielen útjûn troch de Fryske Akademy. It Register fan de Aanbreng is foar skiedkundigen fan belang foar it witten fan ûnder mear plak- en persoansnammen en is te lêzen yn de DBNL.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Aanbreng, register van de.