Marie Bashkirtseff
Marie Bashkirtseff (eins: Мария Константиновна Башкирцева, Marija Konstantinovna Baškirceva; Gavrontsi ûnder Poltava, 11 novimber 1858 — Parys, 31 oktober 1884) wie in skilderesse en deiboekskriuwster, berne yn de Oekraïne.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Marie Bashkirtseff kaam út twa famyljes dy't ta de Russyske lânadel hearden. Nei't har âlden út elkoar gienen waard sy grutbrocht op de bûtenpleats fan har mem yn de Oekraïne. Fan 1870 oant 1877 reizge Marie Bashkirtseff mei har mem, pake en beppe en in muoike de mondaine plakken fan Europa bydel (Wenen, Baden-Baden, Genêve, Parys, Spa, Oostende, Londen, Florâns, Rome), somtiids waard de reis foar in skoft ûnderbrutsen yn Nice, dêr't hja, 13 jier âld, ek mei har deiboek yn it Frânsk begûn.
Marie Bashkirtseff wie yntelligint en hie in soad talint en ambysje. Yn it rike mar a-kulturele fermidden dêr't hja yn grut waard, wie sy wat foarming en ûntwikkeling oanbelange fral op harsels oanwiisd. Lest fan de kiel (nei't letter bliken die in begjinnende TBC) behindere in karriêre as sjongster. Neidat houliksplannen mei in Italjaanske leafde op wjerstân fan de famylje stjitte, helle sy har mem yn 1877 oer om nei Parys te ferhúzjen, dêr't sy har talizze woe op it skilderjen. Sy waard learling by Joseph-Nicolas Robert-Fleury, yn syn Paryske Académie Julian, en wurke dêrnei gear mei de bekende naturalistyske skilder Jules Bastien-Lepage, dy't teffens har hertsfreon waard.
Marie Bashkirtseff stoar mei 25 jier oan tuberkuloaze en leit yn in monumintaal grêf op it Cimetière de Passy te Parys. Op it mausoleum wurdt 1860 as bertejier fernijd[1], mar letter die bliken dat it in falsifikaasje fan har famylje wie[2].
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Marie Bashkirtseff har wurk wurdt rekkene ta it naturalisme. Bashkirtseff makke sa'n 100 skilderijen. Sy waard by har libben al wurdearre en eksposearre yn foaroansteande salons, mar troch har betiid ferstjerren koe har talint net fierder waakse.
It meast bekend waard sy lykwols troch hat út 105 skriften besteande deiboek, dat sy suver oant har dea ta byhold. It jout in byld fan in moaie, talintaerre, aristokratyske jonge frou oan de ein fan de 19e iuw, yn de foarm fan in mei in protte empaty skreau 'jongfamebibel'. Yn Frankryk krige it deiboek in soarte fan kultstatus en wurdt it gereldwei werprinte.
In earste, troch de famylje ynkoarte en oanpaste, ferzje ferskynde yn 1887. In edysje trou oan de oarspronklike tekst ferskynde earst yn 1995. Yn Nederlân kaam it deiboek út ûnder de titel Waarom zou ik liegen. Een keuze uit haar dagboeken 1873-1884 (Privé-Domein, De Arbeiderspers, 1997).
Yn de jierren tachtich fan de 19e iuw publisearre Marie Bashkirtseff in stikmannich feministyske artikels dy't frijwat opskuor joegen. Ek de publikaasje fan har korrispondinsje mei Guy de Maupassant (1891) die sines ta hat ferneamdens.
Har skilderijen waarden foar in grut part ferkocht troch har famylje; it part dat yn de famylje bleau, waard by in bombardemint op Gavrontsy ferneatige yn de Twadde Wrâldkriich. De grutste kolleksjes binne no yn it Musée des Beaux-Arts Jules Chéret yn Nice en yn it Russysk Museum yn Sint-Petersburch, mar ek yn it Musée d'Orsay, it Petit Palais, it Louvre en it Amsterdamske Ryksmuseum hinget wurk fan Marie Bashkirtseff.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
It atelier
-
De moeting
-
Hjerst
-
De paraplu, 1883
-
Selsportret 1880
Literatuer en boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Neiwurd Marianne Kaas by Nederlânske oersetting fan Waarom zou ik liegen; een keuze uit haar dagboeken 1873-1884, Amsterdam/Antwerpen, 1997.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|