Salisbury (Ingelân)
Salisbury | ||
De katedraal fan Salisbury troch John Constable | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Unitary authority | Wiltshire | |
Ser. greefskip | Wiltshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 50.000 (2008, rûsd) | |
Oar | ||
Koördinaten |
Salisbury (histoaryske nammen: New Sarum en Sorbiodunum) is in stêd (city) yn de unitary authority Wiltshire, yn it Ingelske seremoanjele greefskip Wiltshire, yn de regio Súdwest. De stêd leit oan de rivier de Avon.
De skiednis fan de stêd giet werom oant de izertiid. De Romeinen neamden it plak "Sorbiodunum". De Normandjers bouden dêr in kastiel dat sy "Sarum" neamden. De oerlevering wol hawwe dat Willem de Oermasterder dêr syn lienmannen byinoar rôp om him fannijs trou te swarren. It plak hjit no Old Sarum.
Yn 1220 sette biskop Richard Poore út ein mei de bou fan de katedraal, dy't yn mar 38 jier - foar it grutste part - foltôge waard. De 123 meter hege toerspits is fan 1330 en is de heechste fan it Feriene Keninkryk. De bibleteek fan de katedraal hat ien fan de fjouwer oerbleaune eksemplaren fan de oarspronklike Magna Karta. De stêd, dy't doe noch New Sarum hiet, krige yn 1227 stedrjochten.
Op 13 km noardeastlik fan de stêd, op de Salisbury Plain, leit it pre-histoaryske monumint Stonehenge.
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Salisbury
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Michael Crawford (19 jannewaris 1942), akteur
- John Rhys-Davies (Salisbury, 5 maaie 1944), akteur
- Anthony Daniels (21 febrewaris 1946), akteur
- Tim Hodgkinson (1 maaie 1949), musikus en komponist
- Joseph Fiennes (27 maaie 1970), akteur
- Duncan James (7 april 1979), sjonger
-
De Keninginne Elisabet-tún oan de Avon
-
Strjitte yn Salisbury
-
Sintrum
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Salisbury fan Wikimedia Commons. |