Kronyk
In kronyk is in ferhaal fan of boek mei kronologysk oardere bjusterbaarlike en/of histoaryske feiten.
Feitlikens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âlde Fryske kroniken binne lange tiid sûnder derby nei te tinken leaud, dêrnei, benammen ûnder ynfloed fan Jan Bolhuis van Zeeburgh sterk wantrouwe. De fraach: "Wêrom is der sa skreaun?" is lykwols like wichtich as de fraach "Wat is der skreaun?". Te tinken falt oan in útspraak fan Jan Romein: "Gelooft niet wat de geschiedschrijvers zeggen, maar evenmin, dat zij het zonder grond zeggen". (Leau net wat de skiedskriuwers sizze, mar likemin dat hja it sûnder grûn sizze.)
Kleasterkroniken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta de Fryske kleasterkroniken hearre dy fan Bloemhof, Mariëngaarde, Lidlum en Lúntsjerk, Bloemkamp, Sint Odulfus yn Starum, Aduard, Drylts, Feldwirt, fransiskanerkleaster yn Grins, Thabor en Norden.
Patriottyske geskriften binne Fon alra frescena fridome, Hoedae Fresen Roem wonnen, Thet Freske Riim, Tractatus Alvini, Historia Frisiae, Gesta Fresonum, Gesta Frisiorum, Olde Freesche Cronike, Aldfrysk kronykje.
Oare kroniken en memoiren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de Lette Midsiuwen en de 16e iuw stamme Cleyne Cronoca fan de Grinslanner Ommelannen, de kronyk fan Sicke Benninghe (Beninga), dy fan Sybe Jarichs, fan Eggerik Beninga, Cornelius Kempius, Johan Rengers van ten Post, Andreas Cornelius, Suffridus Petrus, Idzardus Gravius. Ek moatte de neikommende 'Memoiren' neamd wurde: Proeliarius fan Paulus Rodolphi van Rixtel, de Groninger Passie fan hear Meynert toe Fraenker , dee geskriften fan Jancko Douwama, it Annael fan Keimpo fan Martena, oantekeningen fan A.A. Jonghama, it Cronyxke fan Tjalling Aykema, de memorien fan Rienk Fresinga, de kronyk fan Abel Eppens, dy fan Eggerik Egges Phebens en de beskriuwing fan de Waalske fury yn Dokkum fan Henricus à Bra.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - kronyk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|