Postmodernisme (arsjitektuer)
Mei Postmodernisme wurdt in samling boustilen oantsjut, dy't nei ûngefear 1960 ûntstie as reaksje op, fral, de Ynternasjonale Styl, mei syn tige strakke ûntwerpen, sûnder opskik. Dat hat laat ta noch al wat lykfoarmigens en dêr hiene guon arsjitekten harren nocht fan. Oan Philip Johnson († 2005), in bekende arsjitekt wurdt de útspraak taskreaun: "I got bored with the boxes." ('Ik hie myn nocht fan de doazen'.)
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Postmodernistyske Untwerpen hawwe frije oant tige frije foarmen, boartlike oant (somtiden wat forsearre oandwaande) en avansearre technologyske oplossings en faak fersierings út in grut ferskaat fan eardere boustilen. Faaks sille de arsjitekten fan de Ynternasjonale Styl dizze oanpak feroardiele as "knip-en-plakwurk"; postmoderne architecten sille sizze dat se frij binne om alle eleminten út de arsjitektuerskiednis te brûken.
Faak wurde boppeneamde eleminten yn in ferienfâldigde of krekt fergrutte, wat oerdreaune, foarm oernaam; dat kin monumintale effekten hawwe sa as by it kantoargebou fan AT&T (troch Johnson) yn New York en by it World Financial Center, ek yn New York (ûntwerp fan de Argentynsk-Amerikaanske arsjitekt César Pelli). De gebouwen fan dit lêste kompleks hawwe piramide-, bolfoarmige of trepfoarmige dakken.
It 'oermjittich' of útskroeven gebrûk meitsjen fan ornaminten wurdt ek tapast troch de Spaanske arsjitekt Ricardo Bofill, waans wurk soms op sa'n grutte skeal fan klassisistyske eleminten foarsjoen is dat de brûkberens fan it gebou ûnderhearrich liket te wêzen oan de yndruk dy't it op de taskôger meitsje moatte soe; Paryske foarstêden (de Villes Nouvelles) binne der in foarbyld fan. Dit ferskynsel wurdt wol "function follows form" neamd.
Somtiden wurde hilaryske effekten tapast, net frij fan selsspot fan de arsjitekt. By in styl dy't as dekonstruktivisme oantsjut wurdt, kriget dit de foarm as liket it gbou al ferrinnewearre. Arsjitektenburo SITE ûntwurp foar de Amerikaanske súpermerkkeatling BEST in gebou te Houston dêr't de gevels fan foar in part al ynstoart lykje te wêzen.
Men krijt wolris de yndruk dat postmodernistyske gebouwen net sûnder in doasis koartswilligens nei harren wearde skat wurde kinne.
Foarbylden en fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De postmodernistyske styl slacht tsjintwurdich foar master op by fral it setten fan kantoargebouwen en soksawat. De mjitte wêryn't postmoderne tinkbylden harren gerak krije ferskild lykwols nochal.. Budgettêre oerwegings sille der faaks wol mei te meitsjen hawwe.
Typyske foarbylden fan "high-tech"-arsjitektuer binne it Centre Pompidou te Parys, it kantoar van Lloyd's yn Londen en it kantoar fan de bank HSBC yn Hongkong: gebouwen dy't besibbe lykje oan in petrogemysk fabrykskompleks.
Yn Nederland kinne neamd wurde, it kantoargebou fan de ING Bank yn Amsterdam-Sudeast (fan Alberts en van Huut, mei de bynamme De Aperots) en it kantoargebou fan de ING Groep yn Amsterdam-Súd (fan Meyer en Van Schooten, offisjeel ING House hjitten, en bygenamd de Klapreed, de Krûmeldief, de Jidskûch en het Strykizer). Postmodernistyske wenningbou is betreklik seldsum, mar de Amersfoartske wyk Kattenbroek is in goed foarbyld, krekt as it Java-eilân yn Amsterdam. Yn Rotterdam wurdt in gebou fan Philip Johnson tared. Dan hat men yn Grins noch it Grinzer Museum, ek in moai foarbyld fan it postmodernisme.
Yn it bûtenlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Wells Fargo Center yn Minneapolis fan César Pelli. Dien 1989.
-
Messeturm yn Frankfurt, fan Helmut Jahn. Dien 1991.
-
Comerica Tower yn Detroit fan John Burgee en Philip Johnson, dien 1993.
-
RMIT University Building 8. Swanston Strjitte yn Melbourne by Edmund & Corrigan, 1993.