Springe nei ynhâld

Enno III fan Eastfryslân

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 jun 2020 om 02.56 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Enno III fan Eastfryslân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Eastfrysk
bertedatum 30 septimber 1563
berteplak Auwerk
stjerdatum 19 augustus 1625
stjerplak Leerort
Greve fan Eastfryslân
regear 15991625
foargonger Edzard II
opfolger Rudolf Kristiaan

Enno III fan Eastfryslân (Auwerk, 30 septimber 1563Leerort, 19 augustus 1625) wie de âldste soan fan greve Edzard II fan Eastfryslân en Katarina Wasa, âldste dochter fan Gustaaf I fan Sweden. Hy folge yn 1599 syn heit op as greve fan Eastfryslân.

Yn 1602 belegeren de troepen fan Enno III omdôch it opstannige Emden. Hy moast yn 1603 it ferdrach fan De Haach slute, wêryn't er net allinnich de oanwêzichheid fan in Hollânsk garnizoen yn Emden akseptearje moast, mar ek de kosten fan it garnizoen betelje moast. Yn 1609 bruts de striid fannijs los. De Emders wûnen by de skermutselingen yn Grytsjesyl en besetten tydlik de greeflike residinsje yn Aurich. Yn 1611 legeren de Hollanners troepen yn Leerort. Op 24 maaie waard it akkoart fan Osterhusen tekene, wêrtroch't de soevereiniteit fan de greve fan Eastfryslân beheind waard en de oanwêzichheid fan in Hollânsk garnizoen yn Emden beëinige waard.

Houliken en bern

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Enno III wie twaris troud. In earste kear troude hy mei Walburga fan Rietberg (1556-1586), dochter en erfgenamte fan greve Jehan II fan Rietberg, hear fan Esens, Stedesdorf en Wittmund. Hja brocht Harlingerland en Rietberg mei. SE hienen trije bern:

  1. Sabina Catharina (15821618), yn 1601 troud mei Jehan III fan Eastfryslân,
  2. Agnes (15841616), yn 1603 troud mei Gundakar fan Liechtenstein,
  3. Johan Edzard, ( 1586 - 1586).

Walburga fan Rietberg stoar inkele dagen nei har soan, nei alle gedachten troch fergiftiging. Doe't de manlike staach fan de greven fan Rietberg útstoar, folgen de greven fan Eastfryslân op troch it houlik fan Enno III mei Walburga.

Yn 1598 troude Enno III mei Anna fan Holstein-Gottorp, dochter fan hartoch Adolf fan Sleeswyk-Holstein-Gottorp. Hja hiene fiif bern:

  1. Edzard Gustaaf ( 1599 – 18–1612)
  2. Kristina Sofia ( 16091658), yn 1632 troud mei Filips fan Hessen-Butzbach,
  3. Anna Maria ( 16011634), yn 1622 troud mei Adolf Frederik I fan Mecklenburg-Schwerin,
  4. Rudolf Kristiaan fan Eastfryslân ( 16021628)
  5. Ulrich II fan Eastfryslân ( 16051648).