Markgreve
Appearance
In Markgreve wie ûnder de Karolingen in greve dy't it bewâld útoefene oer in tal goaen of greefskippen yn in mark fan it Frankyske Ryk. Marken waarden gearstald út nij oermastere gebieten en leinen dêrtroch oan de grinzen fan it ryk, it gebiet wie in oaniensletten. In froulike markgreve is in markgrevinne, en in gebiet dat troch in markgreve regearre wurdt, hjit in markgreefskip.
Yn it westen fan it Frankyske Ryk waard de markgreve letter in titel foar greven mei in protte oansjen. Stadichoan ûntjoech it him doe fan in bestjoersfunksje ta in aadlike titel. De út it Frânsk ôfkomstige foarm markys is yn prinsipe folslein ekwivalint mei 'markgreve'.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje] Commons: Markgreve – foto, fideo en harktriemmen