Springe nei ynhâld

Kalifornysk Skiereilân

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 mai 2020 om 23.06 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It Kalifornysk Skiereilân (read), yn Meksiko (grien).

It Kalifornysk Skiereilân (Spaansk: Península de Baja California), ek wol Nederkalifornje of Leech-Kalifornje neamd (Spaansk: Baja California), is in grut skiereilân oan 'e westkust fan it Noardamerikaanske kontinint, dat diel útmakket fan Meksiko. Foarhinne foarme it bestjoerlik ien gebiet mei Opperkalifornje, dat no de Amerikaanske steat Kalifornje is.

It Kalifornyske Skiereilân stiket oan 'e westkust fan it Noardamerikaanske kontinint nei it suden ta út oer in lingte fan 1.247 km, fan Mexicali yn it noarden oant Cabo San Lucas op 'e súdpunt. Op it breedste plak is it 320 km breed, en op it smelste 40 km. Mei in kustline fan likernôch 3.000 km, sa'n 65 ûnderskate eilannen en in oerflak fan 143.390 km² is it Kalifornysk Skiereilân fierwei it grutste skiereilân fan 'e westkust fan it hiele Amerikaanske wrâlddiel.

It lânskip fan it skiereilân is woastinich en drûch, en kin opdield wurde yn fjouwer parten: de San Felipewoastyn, de Sintrale-Kustwoastyn, de Vizcaíno-woastyn en de Magdalenaflaktewoastyn. It Kalifornysk skiereilân grinzget yn it noarden oan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en yn it noardeasten by de ûnderrin fan 'e rivier de Kolorado lâns oan 'e Meksikaanske steat Sonoara. Yn it westen en suden wurdt it omjûn troch de Stille Oseaan. Oan 'e eastkant wurdt it troch in ûnbidich grutte ynham fan 'e see skaat fan it Meksikaanske fêstelân. Dy ynholte hjit de Golf fan Kalifornje of See fan Cortés (Mar de Cortés), fermeamd nei Hernán Cortés.[1] De rivier de Kolorado mûnet yn it noarden yn dy see út. Foar Kalifornyske grize walfisken foarmet de Golf fan Kalifornje in kreamkeamer dêr't se hinne geane om te jongjen.

It Kalifornysk Skiereilân waard yn 1533 ûntdutsen troch in Spaanske ekspedysje dy't yn opdracht fan Hernán Cortés de westkust fan it lettere Meksiko ferkende. In hoart miende men doe dat Nederkalifornje in eilân wie. Yn 1539 waard de kust fan it skiereilân lykwols yn kaart brocht troch Francisco de Ulloa. Mear as oardel iuw letter, yn 'e 1690-er jierren, waarden troch Spaanske misjonarissen de earste duorjende blanke delsettings op it skiereilân stifte. Dy misjeposten wiene lange tiid de iennichste foarm fan koloniaal gesach yn it gebiet, dat sadwaande yn 't earstoan fierhinne troch de jezuïten regearre waard, oant dy yn 1767 út Spanje en al syn besittings ferballe waarden. Dêrnei krigen de fransiskanen it in hoartsje foar it sizzen, oant dy yn 1769 ferfearen nei Opperkalifornje en it skiereilân oerlieten oan 'e dominikanen. De skiedsline tusken de fransiskaanske en dominikaanske ynfloedssfearen wie de ierste grins tusken Opper- en Nederkalifornje.

In monumint dat de histoaryske grins tusken Opper- en Nederkalifornje oanjout.

It feriene Kalifornje bleau in provinsje fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje oant it yn 1804 opdield waard yn 'e provinsjes Opper- en Nederkalifornje. Nei't Meksiko yn 1821 syn ûnôfhinklikheid wûn hie, waarden de beide provinsjes ta territoaria fan 'e nije steat makke, oant se by in bestjoerlike herfoarming yn 1836 wer byinoar foege waarden. Nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, yn 1848, moast Meksiko Opperkalifornje ôfstean oan 'e Feriene Steaten. Teffens easken de Amerikanen it noardlikste diel fan Nederkalifornje op, de krite om San Diego hinne, om't se de natuerlike haven dêre as in marinebasis brûke woene. Oant de dei fan hjoed ta is San Diego sadwaande ien fan 'e wichtichste Amerikaanske marinebases bleaun. De rest fan Nederkalifornje waard nei 1848 op 'e nij in apart Meksikaansk territoarium, in status dy't it behold oant it yn 1931 by de 28ste breedtegraad lâns opdield waard yn in noardlik en in súdlik territoarium.

Yn 1952 waard it noardlike territoarium (mei as haadstêd Mexicali) ûnder de namme Nederkalifornje (Baja California) as de 29ste steat ta de Meksikaanske Uny talitten. It súdlike diel (mei as haadstêd La Paz) bleau lykwols in federaal bestjoerd territoarium oant it yn 1974 as Súd-Nederkalifornje (Baja California Sur) de 31ste steat fan Meksiko waard. Yn 1973 kaam de saneamde Transpeninsulêre Autodyk (offisjeel de Meksikaanske Federale Autodyk 1) ree, de earste ferhurde dyk dy't it hiele skiereilân fan noard nei súd trochkrúste. Dêrtroch waard it gebiet iepenlein foar ekonomyske ûntwikkeling en toerisme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. nl: 'De earste namme wurdt it meast brûkt, mar in protte Meksikanen hawwe de lêste leaver.'

boarnen:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.