Springe nei ynhâld

Sate

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 mai 2020 om 11.34 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In sate is eins it lân dêr't op wenne wurdt. Yn it Aldfrysk is it sitte, wenje. It gehiel fan in pleats, faak mei de state ynbegrepen, mar mei de klam op it lân as agrarysk en juridysk wichtichste diel fan de ienheid. De útdrukking 'sate en lannen' yn noatariële advertinsjes tsjutten yn it earstoan op: in pleats besteande út noch te neamen lannen, of: in gehiel fan blykber ta de pleats rekkene lannen én losse of ferspraat lizzende lannen. It is oarspronklik de sate en net it hoarnleger dêr't it stimrjocht op fan tapassing wie.

Der wurdt ek wol tocht dat mei sate in gewoane pleats oantsjut waar en mei state in foarname pleats, faak fan in aadlike famylje, as in hearehûs. Dat ûnderskied waard lykwols net altyd nau brûkt. Sa wurde yn it Register van de Aanbreng yn 1546 alle buorkerijen by Kimswert (ek de aadlike) sate neamd (ek de Bonga saet; de lettere Bongastate) en yn it tichteby lizzende Mullum allegear mei state oantsjut (mei de tsjerkepleats 'Sint-Nicolaas Staten').

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Sate.
  • Wikiwurdboek-side - sate