Springe nei ynhâld

Om 1800 beweging

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 mai 2020 om 17.37 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Bijenkorf yn Amsterdam

De Om 1800 beweging (Um 1800 Bewegung) fertsjintwurdiget in konservative boustyl dy't in reäksje wie op it rasjonalisme yn de bouwstyl, dêr't bygelyks Hendrik Petrus Berlage in fertsjintwurdiger fan wie. De Um 1800-styl hie syn hichtepunt yn de jierren 1905-1914.

De Um 1800 Bewegung hie de Loadewyk XVI-styl as ideaalbyld. Dy styl waard as de lêste 'echte' styl beskôge. Soms wiene lykwols ek dúdlike neoklassisistyske ynfloeden oanwêzich en ek Jugendstil-eleminten kamen foar. De styl wurdt dêrom ek wol nij histoarisearjende styl of weroriïntaasje neamd.

In protte gebouwen yn dizze styl binne frij massaal, mei gebrûk fan in soad natuerstien, tal fan -soms bûgde- ornaminten, tuorkes, erkers en soks. Se dogge wol wat tinken oan de Amerikaanske wolkekliuwers út dy tiid, dy't ek ornaminten hiene dy't weromgiene op it ferline, mar fansels noch folle massaler wiene. Yn dat ferbân waard wol praat fan Amerikanisme. Dêrneist waarden strakkere neoklassisistyske gebouwen ûntwurpen dy't oan dizze styl taskreaun waarden.

Fan de Ingelske, Amerikaanske en Dútske histoarisearjende ynfloeden waarden fral dy lêste tapast; de namme fan de beweging is dan ek ôflaat fan in yn 1908 ferskynd boek fan Regierungsbaumeister Paul Mebes, mei de titel: Um 1800: Architektur und Handwerk im letzten Jahrhundert ihrer traditionellen Entwicklung. Yn Nederlân waard de beweging droegen troch it tydskrift: Het Huis Oud en Nieuw fan Eduard Cuypers, dy't in neef fan Pierre Cuypers wie.

De Om 1800-styl waard fral tapast yn kommersjele gebouwen, lykas grutte warehuzen en banken. De Amsterdamske Effektebeurs (1911-1914) en de Amsterdamske Bijenkorf, út 1911, binne der foarbylden fan. Ek bûtenpleatsen waarden wol yn de Om 1800 styl boud.

De materiaalkrapte, dy't it gefolch fan de Earste Wrâldoarloch wie, betsjutte de ein fan dy styl.

Yn de measte grutte Nederlânske stêden binne der wol foarbylden fan de Om 1800-styl te finen. Amsterdam, De Haach, Rotterdam en in protte oare stêden hawwe noch gebouwen yn dizze styl. Tal fan arsjitekten hawwe dêroan bydoegen.