Springe nei ynhâld

Hoarn (Skylge)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 des 2019 om 15.24 troch H. Staversma (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lizzing fan Skylge
Janstsjerke

Hoarn (Aastersk: Hoane, Midslânsk: Hôane) is in doarp op Skylge. It leit eastlik fan Lies en westlik fan Aasterein. Op 1 jannewaris 2005 hie Hoarn 463 ynwenners (Boarne: Gemeentegids Skylge, 2005 - 2006).

Hoarn is in langhalich doarp mei in fan oarsprong fersprate bebouwing fan pleatsen en huzen. Troch de bou fan inkelde nijbouwykjes is Hoarn sûnt de midden fan de santiger jierren grutter wurden.

Hoarn is fan oarsprong in boeredoarp dêr't feehâlderij de foarnaamste ynkomsteboarne wie. Tsjintwurdich wurdt mear jild fertsjinne oan it toerisme en binne der noch mar inkelde aktive feehâlders oer. Hoarn hat fjouwer restaurants, twa kroegen, inkelde winkels en in sportfjildekompleks.

Ien fan de âldste gebouwen fan it doarp is de strânmasterskuorre, noch suver yn oarspronklike steat. Earder waard hjir it guod dat jutten wie opslein. Ttsjintwurdich is it in opslachplak foar alle ferieningen op East-Skylge.

Karakteristyk is de midsiuwske Sint Janstsjerke. De tsjerke is yn de trettjinde iuw boud, en is de âldste tsjerke fan Skylge.

By de tsjerke stiet de Sjou, in bal dy't hyst waard om oan it wurkfolk yn de wide omkriten de tiid foar it middeisskoft oan te jaan.

Bekende Hoarnsters binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. stiet nr. 3 yn de Kafee Top 100